Mason Moore, echte namme: Megan Morrison (Granada Hills (Kalifornje), 1 febrewaris 1985), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise.

Libben en karriêre Moore is hikke en tein yn Granada Hills, in buert yn 'e San Fernandodelling fan Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje. Yn 2002, op har santjinde, ferfalske se har identiteitsbewiis om as stripper wurkje te kinnen.

Yn 2008, doe't se 23 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Sûnt spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn likernôch 130 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as New Sensations en Evil Angel. Ek wurke se in protte foar pornosites as Brazzers, BangBros, Reality Kings en Naughty America. Tusken 2010 en 2012 sleepte se dêrby sân nominaasjes foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld) yn 'e wacht.

Njonken har aktearwurk posearre se ek foar neakenblêden. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m, mei in gewicht fan 64 kg. Mids 2012 makke se op har Twitteraccount bekend dat se yn ferwachting wie en by har freon ynlutsen wie, en dat se har dêrom weromloek út 'e pornoyndustry.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2010AVN Awardnominearrebêste lesbyske groepsekssêneBig Toy Orgynominearrebêste lesbyske triosekssêneSweet Cheeks 11Xbiz Awardnominearrenije stjer fan it jiern.f.t.FAME Awardfinalistefavorite nije stjer n.f.t.2011AVN Awardnominearrebêste triosekssêne f/m/mSlutty and Sluttier 11nominearrebêste anale sekssêneA Girl, a Boy & a Toynominearrebêste sekssêne mei dûbele penetraasjeBra Bustersnominearreûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.2012AVN Awardnominearreûnderwurdearre stjer fan it jier n.f.t.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Mason Moore Biografy en filmografy fan Mason Moore yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Mason Moore yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk stripper Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Persoan berne yn 1985