Alexandre Dumas (Frânske útspr.: /a.lɛk.sɑ̃dʁ dy.ma̩/), berne as Alexandre Davy de la Pailleterie en ek wol Alexandre Dumas de Aldere (of op syn Frânsk: Alexandre Dumas, père) neamd (Villers-Cotterêts, 24 july 1802 – by Dieppe, 5 desimber 1870), wie in Frânsk skriuwer, toanielskriuwer en essayist. Hy is it bekendst wurden is troch syn aventoerlike histoaryske romans, dy't yn hast hûndert talen oerset binne en him ta ien fan 'e meast lêzen Frânske skriuwers út 'e skiednis makke hawwe. Ta syn oeuvre, dat likernôch 100.000 siden beslacht, hearre ferneamde titels, lykas Les Trois Mousquetaires ("De Trije Musketiers"), Le Comte de Monte-Cristo ("De Greve fan Monte-Cristo") en Le Vicomte de Bragelonne ("De Boarchgreve fan Bragelonne"), wêrfan't fral it lêste trêdepart as Hollywood-film popularisearre is ûnder de titel The Man in the Iron Mask. Der binne fan Dumas syn boeken yn 'e tweintichste iuw allinnich al hast 200 ferfilmings makke.

Libben

Jonkheid Alexandre Dumas syn heit wie Thomas-Alexandre Davy de la Pailleterie, dy't berne wie yn 'e Frânske koloanje Sint-Dominikus (Saint-Domingue), it lettere Haïty, út in bûtenechtlike relaasje tusken in Frânsk ealman en in swarte slavinne, en dy't as generaal ûnder Napoleon yn Itaalje en Egypte tsjinne. Nei't er lykwols yn 1806 oan kanker kommen wie te ferstjerren, hie syn widdo, Marie-Louise Élisabeth Labouret, in herbergiersdochter, der klauwen oan om har soan allinne grut te bringen. Sadwaande krige Dumas net folle ûnderwiis, mar dochs learde er lêzen en neitiid ferslynde er alle boeken dy't er mar te pakken krije koe. Hy waard nei alle gedachten bot beynfloede troch syn memme ferhalen oer de heldedieden dy't syn heit op it slachfjild út 'e wei set hie. thumb|left|250px|Generaal Thomas-Alexandre Davy de la Pailleterie, de heit fan Alexandre Dumas.

Karriêre as skriuwer Yn 1822 ferfear Dumas nei de Frânske haadstêd Parys, dêr't er, stypjend op syn heite militêre reputaasje en de aristokratyske rang fan syn famylje, in baan wist te bemachtigjen yn it Palais-Royal, as ûnderdiel fan 'e stêf fan Loadewyk-Filips, de hartoch fan Orléâns. Yn dyselde snuorje naam er de namme Dumas, de efternamme fan syn beppe de slavinne, oan en sette er útein mei skriuwen. In pear fan syn earste wurken, de toanielstikken Henri III et Sa Cour en Christine hied er grut súkses mei, en de ynkomsten dy't er dêrút krige, stelden him by steat en meitsje fan skriuwen syn berop. Nei noch ferskate toanielstikken skreaun te hawwen, gied er oer op it skriuwen fan histoaryske romans.

Dêrby line er swier op beskate meiwurkers, lykas Auguste Maquet, dy't bgl. de plot fan Le Comte de Monte-Cristo betocht en wichtige bydragen levere oan Les Trois Mousquetaires en de ferfolgen dêrop. Yn Le Maître d'Armes ("De Skermmaster") wurke Dumas gear mei syn eigen skermmaster Augustin Grisier; de roman is skreaun as Grisier syn ferslach oer hoe't hy behelle rekke yn 'e Desimbristenopstân, yn Ruslân, yn 1825. (Dy roman waard trouwens yn Ruslân ferbean, en Dumas sels wie dêr persona non grata oant de dea fan tsaar Nikolaas I.)

Njonken toanielstikken en romans skreau Dumas ek in protte reisferhalen, nei oanlieding fan reizen dy't er makke út nocht, mar ek út klearbare needsaak. Fierdersoan ferskynde der ek in grut ferskaat oan artikels yn tydskriften fan syn hân. Yn totaal besloech al syn wurk mei-inoar om 'e 100.000 siden hinne. Dumas syn lêste roman, Le Chevalier de Sainte-Hermine ("De Ridder fan Sint-Hermine"), dy't troch syn dea, yn desimber 1870, ûnôf bleau, waard yn 2005 ôfmakke troch Dumas-kenner Claude Schopp en doe publisearre, wêrnei't it daliks in bestseller waard.

Maatskiplike belutsenens Yn 1830 wie Dumas belutsen by de Julyrevolúsje, wêrby't Karel X ôfset waard en syn eardere wurkjouwer Loadewyk-Filips, de "Boarger-Kening", op 'e Frânske troan kaam. Nei't dyselde yn 1848 ek ôfset wie, waard Frankryk wer in republyk, mei Louis-Napoléon Bonaparte as keazen presidint. Bonaparte hie it alhiel net op Dumas stean, dat de skriuwer moast yn 1851 nei Belgje útwike, dêr't er him nei wenjen sette yn Brussel. Yn 1859 gied er nei Ruslân, dêr't er twa jier tahold, en doe ferfear er nei Itaalje, dat yn maart 1861 krekt ûntstien wie troch de ienwurding fan in stikmannich lytsere steaten. De trije jierren dêrnei wie Dumas tige behelle yn it Italjaanske unifikaasjeproses. Sa rjochte er û.m. de krante Indipendente op, dy't er sels in hoart late. Yn 1864 kearde er werom nei Parys.

Priveelibben Dumas syn romans wiene withoe populêr, net allinnich yn Frankryk, mar ek yn it bûtenlân, en se brochten him in grou stik jild op. Spitigernôch hied er in gat yn 'e hân, dat alles dat binnenkaam, joech er like hurd wer út, benammentlik oan froulju en it goede libben. Syn flecht nei Belgje, yn 1851, waard sadwaande likefolle ynjûn troch syn minne relaasje mei de machthawwers fan 'e Frânske republyk, as syn winsk om oan syn skuldeaskers te ûntsnappen. Dumas troude op 1 febrewaris 1840 mei de aktrise Ida Ferrier (berne as Marguerite-Joséphine Ferrand; 1811-1859), mar dêrnjonken hied er frijaazjes mei teminsten 40 mêtresses. Dêrûnder wie ek (yn 1866) de yn dy tiid ferneamde Amerikaanske aktrise Adah Isaacs Menken, dy't mear as tritich jier mei him skeelde.

thumb|right|200px|Dumas op jierren. Dumas hie fjouwer oerwûne bern dy't as sadanich erkend wiene: Alexandre Dumas de Jongere (1824-1895), de soan fan 'e frouljusskroar Marie-Laure-Catherine Labay, dy't sels krektlyk in súksesfol skriuwer en toanielskriuwer waard. Marie-Alexandrine Dumas (1831-1878), de dochter fan Belle Krelsamer. Micaëlla-Clélie-Josepha-Élisabeth Cordier (b. 1860), de dochter fan Emélie Cordier. Henry Bauer, waans memme namme net oerlevere is. Tweintichste-iuwske wittenskippers hawwe trouwens ûntdutsen dat Dumas teminsten noch trije oare oerwûne bern oanset hat.

Nettsjinsteande Dumas syn aristokratysk komôf en syn persoanlik súkses hied er dochs syn libben lang te krijen mei diskriminaasje fanwegen syn swarte foarâlden. Yn 1843 skreau er de koarte roman Georges, wêryn't er guon fan 'e swierrichheden op it mêd fan 'e omgong tusken de ûnderskate rassen en de gefolgen fan it kolonialisme op 't aljemint brocht. Dumas syn beskie foar in man dy't him misledige oer syn rasiaal komôf, waard wiidferneamd: "Us heit wie in mulat, ús pake wie in neger en ús oerpake in aap. Sa sjogge je mar wer, menhear, myn famylje is begûn wêr't jowes einige is."

Wurk

Toaniel 1825: La Chasse et l'Amour 1826: La Noce et l'Enterrement 1829: Henri III et Sa Cour 1830: Christine, ou Stockholm, Fontainebleau et Rome 1831: Napoléon Bonaparte, ou Trente Ans de l'Histoire de France 1831: Antony 1831: Charles VII chez Ses Grands Vassaux 1831: Teresa 1832: La Tour de Nesle 1836: Kean 1837: Caligula 1837: Mademoiselle de Belle-Isle 1839: L'Alchimiste 1843: Les Demoiselles de Saint-Cyr 1843: Louise Bernard 1844: Le Laird de Dumbiky 1848: Catilina 1848: Hamlet, prince de Danemark 1850: La Chasse au Chastre 1854: Le Marbrier 1854: La Conscience 1854: La Jeunesse de Louis XIV 1856: La Tour Saint-Jacques 1856: Le Fils de la nuit ou Le Pirate 1857: L'Invitation à la Valse 1860; L'Envers d'une Conspiration

Romans 1835: Souvenirs d'Anthony 1835: Chroniques de France : Isabel de Bavière 1838: La Salle d'Armes / Pauline (roman) 1838: Leo Burckart 1838: Le Capitaine Paul 1839: Le Capitaine Pamphile 1839: La Comtesse de Salisbury 1839: Acté 1840: Napoléon 1840: Othon, l'Archer 1840: Les Stuarts 1840: Maître Adam le Calabrais 1840-1841: Le Maître d'Armes 1841: Praxède 1841: Aventures de Lydéric, Grand-Forestier de Flandre 1841: Un mariage sous Louis XV 1842: Jeanne la Pucelle (1429-1431) 1842: Halifax 1842: Le Chevalier d'Harmental 1843: Filles, Lorettes et Courtisanes 1843: Georges 1843: Ascanio, ou l'Orfèvre du Roi 1843: Amaury 1844: Sylvandire 1844: Fernande 1844-1848: de D'Artagnan-romans (in fjirde diel, Le Fils de Porthos, "De Soan fan Porthos", út 1883, waard útjûn ûnder Dumas syn namme, mar de wiere skriuwer wie Paul Mahalin) 1844: Les Trois Mousquetaires (De Trije Musketiers) 1845: Vingt Ans Après ("Tweintich Jier Neitiid") 1848: Le Vicomte de Bragelonne, ou Dix Ans Plus Tard ("De Boarchgreve fan Bragelonne, of Tsien Jier Letter"; yn 'e Ingelske oersetting waard dit boek útjûn yn 3 dielen: The Vicomte de Bragelonne, Louise de la Valliere en The Man in the Iron Mask) 1844: Albine, ou Le Château d'Eppstein 1844: Cécile, ou La Robe de Noces 1844: Gabriel Lambert, 1844: Louis XIV et Son Siècle 1844: Contes 1845: La Guerre des Femmes 1845-1846: Le Comte de Monte-Cristo ("De Greve fan Monte-Cristo") 1845: Une Fille du Fégent 1845-1847: de Valois-romans 1845: La Reine Margot 1846: La Dame de Monsoreau 1847: Les Quarante-Cinq 1845: Les Médicis 1845: Les Frères Corses 1846: Le Bâtard de Mauléon 1846-: de Marie Antoinette-romans 1845-1846: Le Chevalier de Maison-Rouge 1846: Joseph Balsamo 1849: Le Collier de la Reine 1851: Ange Pitou 1853: La Comtesse de Charny 1846: Les Deux Dianes 1849: Les Mille et Un Fantômes 1850: La Femme au Collier de Velours 1850: La Tulipe Noire 1850: Le Trou de l'Enfer 1850: La Colombe 1850: Montevideo, ou Une Nouvelle Troie 1851: Le Drame de Quatre-vingt-treize 1851: Olympe de Clèves 1852: Conscience l'innocent 1852: Un Gil Blas en Californie 1852: Histoire de la Vie Politique et Privée de Louis-Philippe 1852-1856: La Maison de Savoie, depuis 1555 jusqu'à 1850 (yn 4 dielen) 1852: Emmanuel Philibert 1853: Léone-Léona 1855: Mémoires de Jeanne d'Albert de Luynes, Comtesse de Verrue, Surnommée la Dame de Volupté 1856: De Victor Amédée III à Charles Albert 1853: Le Pasteur d'Ashbourne 1853: Isaac Laquedem 1853: Les Drames de la Mer 1853: Ingénue 1854: La Jeunesse de Pierrot 1854: Une Vie d'Artiste 1854: Catherine Blum 1854: Saphir 1854: Vie et Aventures de la Princesse de Monaco 1854: Le Capitaine Richard 1854-1855: Les Mohicans de Paris 1855: La Dernière Année de Marie Dorval 1855: Le Gentilhomme de la Montagne (El Salteador) 1855: Le Page du Duc de Savoie 1856: Mémoires d'une Aveugle, ou Madame du Deffand 1857-: de Sainte-Hermine-trilogy 1856: Les Compagnons de Jéhu 1867: Les Blancs et les Bleus 1869 Le Chevalier de Sainte-Hermine (ûnôf en lange tiid wei; yn 1990 weromfûn yn 'e Bibliothèque Nationale de la France troch de Kanadeeske taalhistoarikus Claude Schopp, dy't op grûn fan byhearrende oantekenings fan Dumas twa en in heal haadstik skreau om it te foltôgjen; waard yn 2005 yn ôfmakke foarm útjûn) 1856: Un Cadet de Famille, ou Mémoires d'un Jeune Cadet 1857: L'Homme aux Contes 1857: Charles le Téméraire 1857: Le Meneur de Loups 1857: La Dame de Volupté, ou Mémoires de Jeanne d'Albert de Luynes, Comtesse de Verrue 1858: Les Louves de Machecoul 1858: Black 1859: Jane 1859: L'Île de Feu 1859: Le Fils du Forçat, ou Monsieur Coumbes, ou Histoire d'un Cabanon et d'un Chalet 1860: La Maison de Glace 1860: La Route de Varennes 1860: Mémoires de Garibaldi 1860: Une Aventure d'Amour 1860: Le Père La Ruine 1860: La Marquise d'Escoman 1861: Une nuit à Florence sous Alexandre de Médicis, 1861: Les Morts Vont Vite 1861: L'Assassinat de la Rue Saint-Roch 1862: Ali Pacha 1863: La Princesse Flora 1863: La San Felice 1863: La Boule de Neige 1863: La Dame de Volupté, ou Mémoires de Jeanne d'Albert de Luynes 1863: Création et Rédemption 1863: La Fille du Marquis 1863: Le Prince des Voleurs 1863: Robin Hood le Proscrit 1863: L'Île de Feu 1864: Pietro Monaco sua Moglie Maria Oliverio e i Loro Complici (yn it Italjaansk) 1864: Les Deux Reines 1865: Lady Hamilton 1865: Le Fils du Forçat 1865: Le Comte de Moret 1867: Les Hommes de Fer 1867: Parisiens et Provinciaux 1868: La Terreur Prussienne, Souvenirs Dramatiques 1872: Création et Rédemption: Le Docteur Mystérieux / La Fille du Marquis 1872-1873: Le Prince des Voleurs / Robin Hood le Proscrit

Oare fiksje