North American F-86 Sabre 275px|F-86d Sabre Fabrikant North American Aviation Earste flecht 1 oktober 1947 Yn tsjinst 1949 by de USAF Oare brûkers Japanske Loftmacht Spaanske Loftmacht Koreaanske Loftmacht Tal makke 9.860 Yn tsjinst oant 1994, Bolivia Farianten CAC Sabre Canadair Sabre North American F-86D Sabre North American FJ-2/-3 Fury thumb|275px|F-86's boppe Korea yn 1953 De North American F-86 Sabre is in gefjochtsfleanmasine. De Sabre wurdt beskôge as ien fan de bêste fleanmasines yn de Koreaanske Kriich. It tastel waard opfolge troch de North American F-100 Super Sabre.
Der binne 9.860 F-86 Sabres makke. Anno 2012 binne der noch in lytse 50 fleanree.
Operasjonele skiednis De F-86 waard troch de USAF tige yntinsyf brûkt yn de Koreaanske Kriich gegjin jierren ’50 fan de 20e iuw. It tastel waard mei wikseljend súkses ynset tsjin de Russyske MiG-15.
De F-86 hat tsjinne yn de loftmachten fan in protte lannen oer de hiele wrâld. Hoewol't it ûntwerp fan ein jierren '40 wie en it ein jierren '50 net mear by de tiid wie, die bliken dat de Sabre maklik oanpast wurde koe, sadat it tastel as front-line jager noch tal fan jierren by tal fan loftmachten tsjinne hat. De lêste operasjonele tastellen tsjinnen by de Boliviaanske Loftmacht oant 1994. Ferskate F-86s wurde yn de 21e iuw noch brûkt as drones (radiobestjoerde doelen), as testfleantugen of as priveetastel.
Bynammen De Sabre waard troch fleanders ûnder oaren Sabredog, Dog, Dogship (F-86D) en Kaasjager yn Nederlân (de F-86K) neamd.
Technyske feiten F-86AF-86DF-86HSabre Mk.5Sabre Mk.32Langte11,43 m12,31 m11,82 m11,43 m11,43 mSpanwiidte11,31 m11,31 m11,92 m11,32 m11,30 mHichte4,51 m4,57 m4,57 m4,49 m4,39 mLeechgewicht4.760 kg6.321 kg6.276 kg4.825 kg5.443 kgMaks. startgewicht7.419 kg9.050 kg9.890 kg7.965 kg9.621 kgMaks faasje1.103 km/o1.138 km/o1.114 km/o1.120 km/o1.100 km/oMaks. fleanberik1.932 km1.364 km1.690 km2.390 km1.850 kmTsjinstplafond14.900 m16.640 m15.120 m15.450 m15.850 mOandriuwingGE J47-GE-13GE J47-GE-17GE J73-GE-3DOrenda 10RR Avon 26Driuwkrêft23,1 kN25,8/33,9 kN40,4 kN33,0 kN33,4 kNBemanning11111Boardwapens6 × 12,7-mm- masinegewearen24 × net-late 7-sm-raketten4 × 20-mm- masinekanonnen 1.234 kg bommen6 × 12,7-mm- masinegewearen 2 AIM-9B 2.400 kg bommen2 × 30-mm- masinekanonnen 2 AIM-9B 2.400 kg bommen
Kategory:Amerikaanske jachtfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1947