"Galaten", "Galasiërs" of "Galatiërs" hat yn de Wikipedy ferskate betsjuttings:

De Galaten wiene in Keltysk folk, dat him yn 'e trêde iuw f.Kr. yn it sintrale part fan Lyts-Aazje nei wenjen sette, yn 'e omkriten fan 'e hjoeddeiske Turkske haadstêd Ankara, yn in lânsdouwe dy't neitiid bekendstie as Galaasje. De Galasiërs of Galatiërs (inkeld ek wol Galaten) wiene de lettere hellenisearre ynwenners fan Galaasje (yn it earste milennium n.Kr.). It bibelske Brief oan de Galatiërs (ek wol skreaun as Brief oan de Galasiërs of Brief oan de Galaten) út it Nije Testamint, wurdt gauris ôfkoarte ta Galatiërs, Galasiërs of Galaten.