De tomkes (Troglodytidae) is in famylje yn it skift fan de moskeftigen. De namme Troglodytidae (hoalebewenners) hawwe de fûgels om harren nêst- en ytgedrach, op tsjustere plakken en yn hoalen. It binne mar lytse fûgels, mei in grutte sturt dy't somtiden rjochtomheech holden wurdt. Tomkes binne ûnopfallende fûgeltsje, útsein dat se lûd sjonge. Alle tomkes binne ynsekte-iters.
Der binne 96 soarten, wêrfan allinnich de nammejouwer fan de famylje, it tomke, yn Jeropa libbet. Dy libbet ek yn Aazje. De oare soarten fan de famylje libje in Amearika.
Klassifikaasje Skift: moskeftigen (Passeriformes) Famylje: tomkes (Troglodytidae) Skaai: rotstomkes (Salpinctes), 1 soarte: rotstomke (Salpinctes obsoletus) Skaai: kleautomkes (Catherpes), 1 soarte: kleautomke (Catherpes mexicanus) Skaai: tinsnaffeltomkes (Hylorchilus), 2 soarten Skaai: fluittomkes (Microcerculus), 4 soarten Skaai: kleurde tomkes (Cinnycerthia), 4 soarten Skaai: kaktustomkes (Campylorhynchus), 15 soarten, dêrûnder: kaktustomke (Campylorhynchus brunneicapillus) Skaai: sompetomkes (Cistothorus), 5 soarten, dêrûnder: siggetomke (Cistothorus stellaris) gerstomke (Cistothorus platensis) sompetomke (Cistothorus palustris) Skaai: bewicktomkes (Thryomanes), 1 soarte Skaai: Kubatomkes (Ferminia), 1 soarte Skaai: (Pheugopedius), 13 soarten Skaai: berchtomkes (Cantorchilus), 12 soarten Skaai: Karolinatomkes (Thryothorus), 1 soarte: Karolinatomke (Thryothorus ludovicianus) Skaai: hûstomkes (Troglodytes), 18 soarten, dêrûnder: hûstomke (Troglodytes aedon) mûstomke (Troglodytes musculus) tomke of winterkeninkje (Troglodytes troglodytes, ek wol Nannus troglodytes) Eastamerikaansk tomke of wintertomke (Troglodytes hiemalis, ek wol Nannus hiemalis) Westamerikaansk tomke (Troglodytes pacificus, ek wol Nannus pacificus) Skaai: tosksnaffeltomkes (Odontorchilus), 2 soarten Skaai: wytbúktomkes (Uropsila), 1 soarte Skaai: bamboetomkes (Thryorchilus), 1 soarte Skaai: bosktomkes (Henicorhina), 5 soarten Skaai: sjongtomkes (Cyphorhinus), 3-4 soarten Skaai: (Thryophilus), 5 soarten
Keppeling om utens IOC World Bird List, Version 15.1, Mar. 2025
Kategory:Fûgelfamylje Kategory:Moskeftige