thumb|right|280px|Dokkumer Ie tusken It Tichelwurk en Ljouwert
De Dokkumer Ie is in trekfeart dy't fan Ljouwert nei Dokkum rint. It wetter rint troch (of oer de grins fan) de gemeenten Ljouwert, Tytsjerksteradiel, Dantumadiel en Noardeast-Fryslân.
Skiednis De Dokkumer Ie is al yn de 13e iuw makke troch it ferbinen fan twa âlde seeslinken. De iene kaam út yn de Lauwerssee en de oare by Ljouwert yn de Middelsee. Trochdat dêr in ferbining tusken makke waard ûntstie de Dokkumer Ie. By de westlike ein fan dy ferbiningsgrêft leit Tergrêft. It stik tusken Tergreft en Burdaard is groeven.
Betsjutting De Dokkumer Ie is fan grutte betsjutting foar de ôfwettering fan Fryslân. De rivier wie in wichtige skipfeartferbining tusken Ljouwert en de Waadsee, oer de Lauwerssee. No is er allinne fan belang foar de plezierfeart. De Dokkumer Ie is ûnderdiel fan de Alvestêdetochtrûte.
Keppeling om utens EELÂN, ynformaasje oer it streamgebiet fan de Dokkumer Ie
Kategory:Dokkum Kategory:Wetter yn Ljouwert (stêd) Kategory:Kanaal yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Kanaal yn Ljouwerteradiel Kategory:Kanaal yn Tytsjerksteradiel Kategory:Kanaal yn Ferwerderadiel Kategory:Kanaal yn West-Dongeradiel Kategory:Kanaal yn Dokkum (gemeente) Kategory:Kanaal yn Dongeradiel Kategory:Kanaal yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 13e iuw