De Sint-Fitustsjerke is in tsjerkegebou fan 'e PKN yn Stiens.

Skiednis Om 1100 waard fanút de Sint-Fitus fan Aldehou de tsjerke yn Stiens stifte. De tsjerke waard wijd oan Sint-Fitus en Sint-Anne. De oarspronklike tsjerke hat nei alle gedachten fan dowestien west, dêr't noch wat fragminten fan oerbleaun binne. De Fitustsjerke hie in protte besit en der wie njonken in pastoar ek in fikaris en in legere geastlike, dy't de sakristy behearde.

Yn 'e tiid fan 'e Reformaasje hold pastoar Ees Eckius yn 1567 foar it earst in protestantske tsjinst yn 'e tsjerke. Ek de fikaris Henricus wie de nije lear tadien. Hja binne letter flechte, mar Ees Eckius is letter weromkommen en de earste dûmny fan Stiens wurden. Der wurdt wol tocht dat Henricus yn 1599 ek dûmny fan Stiens west hat. Hja hawwe in grut tal opfolgers hân en guon dêrfan binne sels professor yn Frjentsjer wurden. In bekende dûmny hat J.A. Bruins jr. west.

Nei de ôfskieding en de doleânsje stiften rjochtsinnige leden yn 1924 fanwegen de doe hearskjende frijsinnigens yn 'e herfoarme tsjerke in eigen rjochtsinnich oriïntearre herfoarme evangelisaasjegebou. Yn 'e jierren 1970 waard it herfoarme evangelisaasjegebou sletten en wie der wer sprake fan ien herfoarme gemeente.

Ynterieur Preekstoel De preekstoel is oarspronklik út 'e 17e iuw. Yn 1914 waard it koar ôfskieden fan it skip. De preekstoel krige doe in oar plak. Dit liket net sa sêftsinnich bard te wêzen. By de restauraasje yn 1974-1976 is de preekstoel wer op syn âlde plak weromset. Dit kaam út op in hast komplete fernijing yn âlde styl.

Hearebanken Der binne ek noch in oantal hearebanken. De moaiste is de saneamde Burmaniabank. thumb|left|Oargel.

Oargel Yn 1555 en 1567 wurdt der yn Stiens in oargelist neamd, mar fan it doetiidske oargel is fierder neat bekend. Om 1648 hinne joegen de tsjerkfâden opdracht oan 'e Dútske bruorren Arnold en Tobias Bader om in nij oargel te bouwen, dy't yn Ljouwert harren bedriuw hiene. Yn 'e jierren 1776-1777 krige it oargel in nije oargelkas. De bruorren L. en J. Van Dam bouden yn 1829 efter de besteande oargelkas in nij ynstrumint. Dêrby makken hja gebrûk fan 'e âlde Bader-pipen.

Tagelyk mei de restauraasje fan 'e tsjerke restaurearre Bakker & Timmenga it oargel. It oargel is wer op syn âlde plak werom brocht en is restaurearre lykas er yn 1830 oplevere wie.

Grêven Yn 'e tsjerke binne der noch sa'n 13 âlde grêfsarken. De moaiste sark is dy fan Phillip fan Boschhuyzen (ferstoarn yn 1652) en syn frou Anna fan Eysingha (ferstoarn yn 1655). Phillip fan Boschhuyzen wie grytman fan It Bilt, en wenne yn Stiens. De namme fan Anna fan Eysingha libbet noch troch yn it troch har stifte Boschuyzer Gasthûs oan it Jakobiner Tsjerkhôf yn Ljouwert.

De toer en de klokken thumb|260px|Foto fan 'e klokken, makke doe't de klokken út de toer helle waarden, foar't se ôffierd waarden. By de restauraasje is ek de 15e-iuwske toer op 'e nij restaurearre. Yn 'e toer hingje trije klokken dy't de klokkerôf yn 'e oarloch oerlibbe hawwe. De âldste is yn 1381 getten en hat as namme Marije. De twadde is út 1509 of 1560. Dy draacht de nammen fan 'e patroanhilligen Sint-Anna en Sint-Fitus. De jitter wie Arent fan Wou. De tredde draacht de namme 'Jehsus' en is yn 1607 getten troch Gregorius fan Hall. Der wurdt wol tocht dat de Marijeklok tsjinne hat as misklok.

Tsjerkhôf Om de tsjerke leit in tsjerkhôf yn in aaifoarm. Om it hôf hinne stiet in krâns fan âlde linebeammen. De tagong is troch draaihikjes, dy't eartiids de losrinnende kij fan 'e feemerk fan it tsjerkhôf hâlde moasten. It tsjerkhôfstek is út 1820.

Sjoch ek Tsjerken yn Fryslân

Kategory:Stiens Kategory:Bouwurk út de 12e iuw Kategory:Tsjerkegebou yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Tsjerkegebou yn Ljouwerteradiel Kategory:Ryksmonumint yn Ljouwerteradiel