Gerhard Willem Frijling (Dalfsen, 26 jannewaris 1907 - dêre, 8 febrewaris 1991) wie in Nederlânsk gemeentepolitikus.Berte-akteRou-advertinsje, Ljouwerter Krante, 9 febrewaris 1991
Frijling wie assistint-notaris yn Gytsjerk, siet ynearsten foar de CHU yn de gemeenteried en waard letter wethâlder fan Tytsjerksteradiel.
Febrewaris 1941 moast er fan de fraksje ophâlde doe't bekend wurden wie dat er lid fan de NSB wie. Dat noaske de Dútske autoriteiten net en alle CHU'ers waarden út de rie set. Dêrnei waard Frijling 1 febrewaris 1942 beneamd ta boargemaster fan de gemeente Baarderadiel. Doe't boargemaster Steenhuisen fan Tytsjerksteradiel ûntslein waard, beneamde de besetter Frijling yn dy syn plak yn novimber 1943.
Nei de befrijding waard Frijling tydlik út syn amt set fanwege syn arrestaasje. Hy waard feroardiele ta twa jier finzenis mei ôftrek.Tribunaal Leeuwarden: Ex-burgemeester Frijling, Frysk Deiblêd, 26 maart 1947 Nei't er frijkaam wie waard er kandidaat-notaris oan in notariskantoar yn Dalfsen.
Kategory:Nederlânsk notaris Kategory:Nederlânsk faksist Kategory:Frysk notaris Kategory:Frysk politikus Kategory:CHU-politikus Kategory:NSB-politikus Kategory:Frysk gemeenteriedslid Kategory:Frysk wethâlder Kategory:Boargemaster fan Baarderadiel Kategory:Boargemaster fan Tytsjerksteradiel Kategory:Frysk faksist Kategory:Dielnimmer oan de Dútske besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan feroardiele foar lânferrie Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Sallânsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn de 20e iuw