Cody Bryant, echte namme ûnbekend (Oklahoma City (Oklahoma), 28 febrewaris 1984), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan Afro-Amerikaansk komôf, wa har artystenamme faak misstavere wurdt as Codi Bryant. Se brûkt ek wol de skûlnamme America Moore. Neffens har offisjele opjefte is se 1.73 m lang en 60 kg. Hja is bekend om har boarsten, mei kupmaat 36DD (dy't se krigen hat troch boarstfergrutting), en fral ek om har grouwe stuten (dy't natuerlik binne).
Karriêre Se is berne is yn Oklahoma City, yn 'e steat Oklahoma. Se makke har debút yn in pornografyske film yn 2009, doe't se 25 jier wie. Sûnt hat se yn goed tritich films spile, gauris fan it subsjenre fan 'e ynterrasiale pornografy, foar labels as Elegant Angel en Jules Jordan Video. Dêrnjonken hat se fral ek foar ynternetsites wurke, lykas BangBros en RealityKings.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Cody Bryant (alias America Moore) Biografy en filmografy fan Cody Bryant yn 'e Internet Movie Database Biografy en filmografy fan Cody Bryant yn 'e Internet Adult Film Database
Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk neakenmodel fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1984