Lucy Thai, echte namme: Darny Van (Long Beach (Kalifornje), 13 novimber 1984), is in rêstend Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Kambodjaansk-Taisk komôf. Har artystenamme wurdt inkeld ek wol stavere as Luci Thai of Lucy Ty. Neffens har offisjele opjefte is se 1.56 m lang, mei in gewicht fan 41 kg.

Libben en karriêre Lucy Thai waard berne yn Long Beach, yn 'e steat Kalifornje (hoewol't gauris sein wurdt dat har widze yn Las Vegas stie, wat net skynt te klopjen). Hja is de suster fan in oar Amerikaansk pornoaktrise, Nyla Thai. Lucy Thai makke har debút yn in pornografyske film yn 2003, doe't se njoggentjin jier wie. Sûnt spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn mear sa 180 oare pornofilms oant se yn 2008 har karriêre beëinige.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2005AVN Awardnominearrebêste nije stjern.f.t.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Lucy Thai Filmografy fan Lucy Thai yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Lucy Thai yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan East- of Súdeastaziatysk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Kambodjaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Taisk komôf Kategory:Persoan berne yn 1984