Kiel is de haadstêd fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De stêd hat 243.148 ynwenners (2014). Kiel leit oan de Kieler Förde, in sydtûke fan de Eastsee, oan it begjin fan it Noard-Eastseekanaal. Kiel is dan ek in wichtige havenstêd.

Skiednis Stichte 1233 as Holstenstadt tom Kyle, 1242 stedsrjocht neffens it Lübecksk Rjocht Lid fan de Hânze fan 1284 oant 1518 De Universiteit fan Kiel waard stifte yn it jier 1685. Kiel is sûnt it jier 1900 in Dútske Großstadt. It hurdsilen op de Olympyske Spullen fan 1936 en1972 waard yn Kiel holden.

Stedsdielen Altstadt Blücherplatz Brunswik Damperhof Düsternbrook Ellerbek Elmschenhagen (mei Kroog) Exerzierplatz Friedrichsort Gaarden-Ost Gaarden-Süd en Kronsburg Hassee Hasseldieksdamm Holtenau Meimersdorf Mettenhof  Moorsee Neumühlen-Dietrichsdorf (mei Oppendorf) Pries Ravensberg Rönne Russee Schilksee Schreventeich Steenbek-Projensdorf Suchsdorf Südfriedhof Vorstadt Wellingdorf Wellsee Wik z.T.

Museums Kunsthalle zu Kiel

Kiel fan boppe ôf sjoen

Berne yn Kiel Peter III fan Ruslân (1728-1762), tsaar fan Ruslân Max Planck (1858-1947), natuerkundige en Nobelpriiswinner Eduard Schwartz (1858-1940), filolooch en histoarikus Andreas Köpke (12 maart 1962), fuotballer en keeperstrener Heike Henkel (5 maaie 1964), heechspringster Ernst Busch (1900-1980), sjonger Detlev von Liliencron (1844-1909), dichter

Kategory:Hânzestêd Kategory:Plak yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Gemeente yn Sleeswyk-Holstein Kategory:Plak stifte yn 1233