De Lânkring Altötting is in bestjoerlik distrikt yn 'e Dútske dielsteat Beieren. De lânkring ûnstie yn 1939 mei't it omneamen fan it eardere Bezirksamt Altötting, dat yn 1862 oprjochte waard.

Stêden en gemeenten Yn 'e lânkring lizze de folgjende stêden en gemeenten (ynwenners op 31.12.2022):

thumb|left|Kaart lânkring neffens gemeenteyndieling. Stêden Altötting (13.104) Burghausen (19.364) Neuötting (8.997) Töging/Inn (9.465)

Märkte Marktl (2.856) Tüßling (3.383)Gemeenten Burgkirchen/Alz (10.953) Emmerting (4.171) Erlbach (1.174) Feichten/Alz (1.255) Garching/Alz (8.778) Haiming (2.523) Halsbach (1.097) Kastl (2.838) Kirchweidach (2.803) Mehring (2.417) Perach (1.326) Pleiskirchen (2.463) Reischach (2.647) Stammham (1.023) Teising (1.839) Tyrlaching (1.071) Unterneukirchen (3.414) Winhöring (4.837) Gearwurkingsferbannen De lânkring kent fiif Verwaltungsgemeinschaften *:

Emmerting (gemeenten Emmerting en Mehring) Kirchweidach (gemeenten Feichten a.d.Alz, Halsbach, Kirchweidach en Tyrlaching) Marktl (Markt Marktl en gemeente Stammham) Reischach (gemeenten Erlbach, Perach en Reischach) Unterneukirchen (gemeenten Kastl en Unterneukirchen) (*) In Verwaltungsgemeinschaft (bestjoersmienskip) yn Beieren is in gearwurking fan oan inoar buorjende gemeenten fan 'e selde lânkring, wêrby't de gemeenten polityk selsstannich bliuwe. In Verwaltungsgemeinschaft fiert publike taken út om se foar de dielnimmende gemeenten better út te fieren. Sa'n Verwaltungsgemeindschaft wurdt troch leden út de dielnimmende gemeenten fertsjintwurdige (yn 'e regel in boargemaster en in gemeenteriedslid). It gemeentekantoar fan 'e Verwaltungsgemeinschaft fersoarget de administraasje en ûnderstipet de dielnimmende gemeenten.Dútsk lemma oer de Verwaltungsgemeinschaft yn Beieren, ferzje 4 juny 2024.

Kategory:Distrikt yn Beieren Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1939