thumb|270px|Lêst bewarre bleaune Dornier Do 335 yn it Udvar-Hazy/National Air and Space Museum, Washington, DC thumb|270px|Dornier Do 335 Pfeil thumb|270px|Do 335 dy't 1945 teste waard yn de FSA

De Dornier Do 335 Pfeil („Pylk“) wie in Dútske jager/bommesmiter út de Twadde Wrâldkriich dy't makke waard troch Dornier. It tastel hie twa linemotors, ien yn de noas en de oare mids yn de romp. De achterste motor hie in ferlingde as fan 3 meter nei de propeller efter de sturt.

De prestaasjes fan de Pfeil wiene folle better as dy fan oare twamotorige fleantugen. Dat siet him yn de lûk- en triuwpropeller en de folle legere luchtwjerstân dy't berikt waard mei it efter elkoar setten fan de motors.

De earste flecht fan it prototype wie op 26 oktober 1943 fanôf fleanfjild Mengen-Hohentengen. Yn 1944 en 1945 ûntstiene der ferskate útfierings: jager, jachtbommesmiter en ferkenner. It tastel hie in sjitstoel.

Totaal waarden der, prototypen meirekkene, sa'n 40 stiks fan de Do 335 boud, dêr't mar in pear fan feitlik brûkt waarden.

Technyske feiten (Do 335 A-1) Bemanning: 1 Mjitten Hichte: 5,00 m Langte: 13,85 m Spanwiidte: 13,80 m Fleugeloerflak: 38,50 m² Gewicht Gewicht leech: 7400 kg Maks. startgewicht: 9600 kg Oandriuwing Twa V-12-motors Daimler-Benz DB 603 E fan 2000 Hk (by de start) 1740 HK op 6000 m hichte Alternative oandriuwing twa DB 603 A fan maksimaal 1750 Hk by de start en 1680 HK op 5700 m hichte Prestaasjes Maks. faasje : 765 km/o op 6400 m Maks krúsfaasje : 685 km/o op 7100 m Klimtiid nei 8000 m hichte: 14,3 min Klimfaasje: 11 m/s Tsjinstplafond: 11.400 m Fleanberik: 1800 km (mei reservetanks) Bewapening ien 30-mm-fluchfjoerkanon MK 103, dy't troch de propelleras skeat twa 20-mm-kanon MG 151/20 boppe de foarste motor 500 kg bommen yn de romp, as ekstra branjetank twa 250-kg-bommen of twa 300-l-branjetanks oan de fleugels

Keppelings om utens Do 335 yn Luftarchiv.de Do 335 yn Luftwaffe Resource Center Aeroflight (ingelsk artikel mei in soad details en keppelings)

Kategory:Dútske jachtfleanmasine Kategory:Dútske fleanmasine yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Yntroduksje út 1944