Meurs (Dútsk: Moers) is in stêd yn de Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen. De stêd hat goed 101.000 ynwenners (2023). Meurs is sûnt it jier 1987 in Dútske Großstadt.
De stêd leit yn het Regierungsbezirk (regio) Düsseldorf. Meurs is de grutste stêd fan 'e Kreis Wesel.
Hjoed de dei is Meurs bekend fan ûnder oaren it jazz-oriïntearre Moers Festival dat sûnt 1972 alle jierren holden wurdt.
Fan de midsiuwen ôf oant de Frânske besetting yn de 19e iuw wie Meurs it haadplak fan it foarstedom Meurs. Yn de Tachtichjierrige Oarloch waard Meurs mear as ien kear belegere. Prins Maurits fan Oranje ferovere de stêd yn 1597 ûnder it Belis fan Meurs.
Foto's
Eareboarger 1895: Otto von Bismarck, rykskânselier
Kategory:Plak yn Noardryn-Westfalen Kategory:Gemeente yn Noardryn-Westfalen