Gerkeskleaster is in doarp oan it Prinses Margrietkanaal yn it noardeasten fan de gemeente Achtkarspelen. Tegearre mei Strobos foarmet Gerkeskleaster it twillingdoarp Gerkeskleaster-Strobos. De doarpen lizze yn in iepen klaaigebiet, dat de houtwâlen fan De Wâlden mist.
Gerkeskleaster hat ()https://opendata.cbs.nl/statline ynwenners.
Skiednis thumb|250px|left|De brouwerij neffens Jacobus Stellingwerff (1720) Yn it earstoan lei hjir de delsetting Wigerathorp. De grutgrûnbesitter Gercke Harkema út Twizel liet der yn 1240 troch muontsen út it kleaster Klaarkamp in kleaster Jeruzalem stiftsje, dat yn 1249 yn de Sistersjenzer kleasteroarder opnommen waard. Der waard ek in tsjerke stifte, wêrtroch't de delsetting ien fan de acht kerspels (tsjerkedoarpen) waard. Yn de folksmûle waard it kleaster Gerckes' kleaster neamd. Dy namme gie oer op de delsetting. De nôtmole fan dat kleaster hat der wierskynlik oant 1580 stien.
Yn de Tachtichjierrige Oarloch soe yn 1571 de klok út de tsjerketoer stellen en ferkocht wêze. Oare boarnen sizze dat de klok yn 1503 troch de wettergeuzen rôve waard. Yn alle gefallen hinget de klok no yn de tsjerke fan de Deenske plak Gadstrup (op Seeland). Nei de ynfiering fan de reformaasje waard it kleaster yn 1580 ôfbrutsen. Allinnich de brouwerij fan it kleaster bleau stean. Dy waard op 7 augustus 1629 as protestantske tsjerke yn gebrûk nommen. De tsjerke waard yn 1786 fergrutte en ferhege en waard yn de jierren 1974-1975 op 'e nij ferboud. Yn Gerkeskleaster fûn de ôfskieding en letter de doleânsje in hiel soad stipe. De grifformearde tsjerke (no PKN) fan Gerkeskleaster waard yn 1926 boud en ferfong de twa âldere grifformearde tsjerken fan Strobos en Gerkeskleaster.
Fan 1913 oant 1991 hie Gerkeskleaster in stienfabryk. It molkfabryk dat om 1900 boud waard, is tsjintwurdich in ûnderdiel fan it suvelkonsern FrieslandCampina.
Oant 1993 waard it doarp Strobos trochsnien troch de grins mei de eartiidske Grinslanner gemeente Gruttegast, dy't tagelyk ek de grins mei de provinsje Grinslân foarme. Om't dat foar in soad praktyske beswieren soarge is it Grinslanner diel fan Strobos nei Achtkarspelen oergien. De lizzing oan it Prinses Margrietkanaal/Van Starkenborghkanaal is al hiel lang fan grut belang foar de doarpen. De goede ferbinings oer it wetter soargen al gau foar in soad warberens.
Mienskip thumb|260px|Wynmotor Strobos
It doarpshûs hjit "Rehobot" en de doarpskrante "De Tweeling". Der is in feriening foar Pleatslik Belang en in Stifting Doarps Aktiviteiten. Yn Gerkeskleaster en Strobos wurdt njonken Frysk fral it Kleastersk praat.
Tsjerken thumb|260px|Grifformearde tsjerke (PKN) Herfoarme Tsjerke Grifformearde Tsjerke
Skoalle It doarp hat mei Strobos ien basisskoalle: de prot.-kristlike basisskoalle "De Claercamp".
Ferienings/stiftings thumb|260px|Gerkeskleaster, lofts it suvelfabryk Biljertferiening Brassband Gloria Deï Brassband jongerein Pro Junior Fokaal Enseble Intermezzo Fûgelwacht Gerkeskleaster/Strobos Fuotbalferiening GSVV Gymnastiekferiening MBVO en DIO Koar Zingt Gode Lof Kuorbalferiening Frigro Shantykoar Grinsgefal Stifting Histoaryske Kring Gerkeskleaster-Strobos Stifting Musical
Befolkingsferrin Jier 1955 1960 1965 1970 1973 2006 2015 2020 Ynwenners 1.064 966 949 918 961 821 820 795
Ferskaat Op 22 febrewaris 2007 is de nije brêge oer it Prinses Margrietkanaal iepene.
Publikaasjes -"Gerkesklooster – Stroobos, het dorp dat leeft" - "Tweede Wereldoorlog 1940-1945 Gerkesklooster Stroobos" - "100 jaar Bijzonder Onderwijs te Gerkesklooster-Stroobos 1884-1984" - "Zangvereniging " Zingt Gode Lof " 50 jaar 1946-1996" - "Brassband "Gloria Deï" 1923-1998" - "Barkmeijer Shipyards 150 jaar 1850-2000" - "Gereformeerde Kerk Gerkesklooster-Stroobos 1926-2001" - "Korfbalvereniging Frigro Gerkesklooster-Stroobos 1953-2003"
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Gerkeskleaster rint de folgjende busline:
Line 101: Gruttegast - Koatstertille fia Bûtenpost
De busline troch Gerkeskleaster wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Alle strjitten fan Gerkeskleaster.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Keppeling om utens website Doarpskrante De Tweeling
Kategory:Doarp of stêd yn Achtkarspelen