thumb|right|300px|De Legeaën. De Legeaën (faak stavere as de Legeaen, soms as de Legean) of de Lege Geaën, is de lânstreek yn Fryslân tusken Snits en Raerd, noardwestlik fan de Snitser Mar. Dit gebiet ffalt no ûnder Súdwest-Fryslân, mar foarhinne hearde it ta de gemeenten Raerderhim en âld Wymbritseradiel, en letter ta Boarnsterhim), Snits en nij Wymbritseradiel. De Legeaën omfetsje de doarpen: Gau Goaiïngea Offenwier Poppenwier Sibrandabuorren Tersoal

De namme de Legeaën of de Legean is in gearlûking fan 'De Lege Geaën', en tsjut op it relatyf leechlizzend gebiet. In ferklearring dy't hjir foar jûn is, is dat hiel it gebiet fan Legeaën, marren en Lege Wâlden, útskuorre is troch de gletsjers fan de Saale-iistiid. Nei dy tiid moat de romte dan fold wêze mei grûn, earst sân en letter mei klaai en fean. In beheindere útlis is dat de Raarderhim bestiet út klaaigrûn tusken de hegere grûnen om de eardere Middelsee en de Snitser Mar. De Griene Dyk befeiliget de Legeaën tsjin it wetter fan de mar.

Kategory:Diel fan Fryslân Kategory:Geografy fan Boarnsterhim Kategory:Geografy fan Raerderhim Kategory:Geografy fan Snits (gemeente) Kategory:Geografy fan Súdwest-Fryslân Kategory:Geografy fan Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Geografy fan Wymbritseradiel