De Bangmapartij is in keatspartij foar ôfdielings fan de KNKB dy't organisearre wurdt troch Keatsferiening Nije Kriich fan Weidum. De partij, dy't yn 1942 foar it earste hâlden waard, hat sûnt 1994 de status fan in haadklassepartij. Dêrfoar wie it in 1e klasse ôfdielingspartij. De Bangmapartij is tradisjoneel de iepeningspartij foar de haadklassers.

De earste edysje fan de partij einige yn in oerwinning fan de thúsploech: F. Hiddinga en J. en S. de Groot kamen foar Nije Kriich yn de krânse te stean. It duorre fanwege de oarloch lykwols oant 1946 eart de twadde edysje fan de partij ferkeatst waard. Keatsferiening Concordia út Holwert mei it ferneamde trio de Haan naam doe de krânsen mei nei de klaai.

Yn de rin fan de jierren hat Keatsferiening Jan Bogtstra fan Frjentsjer it measte sukses hân yn Weidum mei mar leafst 9 oerwinnings. Chris Wassenaar is mei 7 oerwinnings foar Minnertsgea de keatser dy't de partij it faakst wûn hat.

Sûnt it ynstellen fan de partij is er tsien kear net ferkeatst (3 kear fanwege de oarloch, 5 kear fanwege it waar, 1 kear fanwege tongblier en 1 kear omdat it keatsbûn de partij net op de wedstrydaginda sette.) Twa kear, yn 1951 en 1952 koe de finale fanwege de rein net útkeatst wurde.

Winners 1985 - Frjentsjer mei S. Saakstra, K. Wierstra en T. Schurer 1984 - Seisbierrum mei J. Hesselius, J. van Dijk en J. Brandsma 1983 - net hâlden fanwege in te wiet fjild 1982 - Sint Anne mei F. Groen, A. Spiekstra en T. Wallendal 1981 - Boalsert mei S. de Boer, O. Brunia en A. Bootsma 1980 - Winsum mei U. Dijkstra, G. Fokkens en J. Andela 1979 - net hâlden fanwege in te wiet fjild 1978 - Boalsert mei S. de Boer, A. Bootsma en M. Hovinga 1977 - Winsum mei S. Saakstra, G. Fokkens en D. Fokkema 1976 - Frjentsjer mei C. van Seijst, T. Wallendal en J. van der Molen 1975 - Marsum mei J. Posseth, R. van Wieren en W. van Wieren 1974 - Marsum mei L. Breuker, W. van Wieren en R. van Wieren 1973 - Winsum mei G. Fokkens, H. Kramer en J. van der Ploeg 1972 - Frjentsjer mei J. van Seijst, J. van der Molen en A. Roosenburg 1971 - Berltsum mei G. Okkinga, T. Dijkstra en H. Sijpersma 1970 - Berltsum mei G. Okkinga, T. Dijkstra en H. Sijpersma 1969 - Ljouwert mei R. de Groot, D. Scheepstra en J. Westra 1968 - Sint Jabik mei G. Tempel, R. van Wieren en H. Leeuwen 1967 - Frjentsjer mei J. van Seijst, S. Sikkema en P. de Groot 1966 - Ljouwert mei D. Scheepstra, R. de Groot en J. Westra 1965 - Harns mei H. Schuil, J. Jansen en J. Halbesma 1964 - net hâlden fanwege it waar 1963 - Weidum mei P. Koopmans, Æ. Haima en D. Talsma 1962 - Easterlittens mei A. Broersma, E. Heech en M. Santema 1961 - Harns mei H. Schuil, J. Jansen en J. Halbesma 1960 - Harns mei S. Olivier, D. Smedinga en H. Bultje 1959 - Makkum mei R. Kuiper, A. Rinia en K. Hibma 1958 - Harns mei P. Schuil, H. Schuil en J. Jansen 1957 - Harns mei S. Olivier, J. Jansen en H. Schuil 1956 - Makkum mei R. Kuiper, A. Rinia en D. Lemstra 1955 - Arum mei M. van der Weerd, J. Buwalda en J. Tolsma 1954 - Harns mei J. Galema, S. Olivier en D. Smedinga 1953 - Ljouwert mei J. Rodenhuis, S. van der Zee en F. Helfrich 1952 - finale net spile fanwege it waar (finalisten: Harns en Arum) 1951 - finale net útkeatst fanwege it waar (finalisten: Ljouwert en Harns) 1950 - net hâlden (gjin plak op de wedstryd kalinder) 1949 - Rie mei H. Visser, K. Pekel en S. Travaille 1948 - Ljouwert mei J. Rodenhuis, T. de Bruin en A. Paassen 1947 - Sint Anne mei J. Rodenhuis, K. Kuiken en G. Groen 1946 - Holwert mei Y. de Haan, P. de Haan en H. de Haan 1945 - net hâlden fanwege de oarloch 1944 - net hâlden fanwege de oarloch 1943 - net hâlden fanwege de oarloch 1942 - Weidum mei F. Hiddinga, J. de Groot en S. de Groot

Kategory:Keatspartij Kategory:Weidum Kategory:Sportevenemint yn Fryslân Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1942