Tyldrift is de oandriuw ta pearjen sa't dy by in protte bistesoarten ienris yn 't jier yn in beskate perioade foarkomt. De Fryske taal ken in stikmannich meast agraryske termen foar dit ferskynsel, dy't per soarte ferskille.
Bargen: sûgen binne rûzich en bearen bearich Geiten: geiten binne driftich Hazzen en kninen: hazzen en kninen binne jachtich of ramsk Hinnen: hinnen binne brodsk Hynders: merjes binne willich of hynstich Hûnen: teven binne loopsk of lobsk Katten: katten binne maartsk Kij: kij binne dúnsk (ek wol deunsk), dunich, bollich, bolsk of ropsk Skiep: eien binne driftich, ramsk of rammich
Algemiene Fryske termen foar tyldrift binne: djoeisk, joeisk, ridzich, ritsich, rippetylsk en tylsk. De oandriuw ta pearjen moat net betize wurde mei it dragen fan 'e frucht, in steat wêryn't men in bist yn it Frysk drachtich of foal neamd.
Kategory:Fuortplanting Kategory:Dierlik hâlden en dragen