Augsburg (Beiersk: Augschburg) is in kreisfreie stêd yn it suden fan Dútslân. It is de haadstêd fan it Regierungsbezirk Swaben yn Beieren en leit oan de rivier de Lech. Yn Augsburg wenje 266.647 minsken en is neffens grutte de tredde stêd fan de dielsteat nei München en Nürnberg.
De namme fan de stêd komt fan it Romeinske legerplak en lettere Romeinske provinsjehaadstêd Augusta Vindelicorum (ek wol Augusta Vindelicum neamd), dy't 15 foar Kr. ûnder de Romeinske keizer Augustus as Castra oprjochte waard. Dêrom heart de stêd ta de âldste fan Dútslân.
Augsburg is de iennige Dútskse stêd mei in eigen offisjele feestdei, it Augsburger Hohes Friedensfest, dat alle jierren op 8 augustus fierd wurdt.
Stedsdielen
I: Innenstadt II: Oberhausen III: Bärenkeller IV: Firnhaberau V: Hammerschmiede VI: Lechhausen VII: Kriegshaber VIII: Pfersee IX: Hochfeld X: Antonsviertel XI: Spickel-Herrenbach XII: Hochzoll XIII: Haunstetten-Siebenbrunn XIV: Göggingen XV: Inningen XVI: Bergheim XVII: Universitätsviertel
Yndustry Faurecia KUKA Robots Industriels MAN NCR Siemens EADS Fujitsu Siemens Computers WashTec Böwe systec AG
Berne yn Augsburg Jörg Breu de Aldere, (1475-1537), skilder en tekener Hans Holbein de Jonge (1497/98-1543), keunstskilder Leopold Mozart (1719-1787), heit fan Wolfgang Amadeus Mozart Marie Louise fan Wallersee (1858-1940), nicht fan keizerinne Elisabeth fan Eastenryk Albert Neudel (1867-1942), komponist en dirigint Hans von Euler-Chelpin (1873-1964), Sweedsk biogemist Wilhelm Marschall (1886-1976), admiraal by de Kriegsmarine Bertolt Brecht (1898-1956), (East-)Dútsk dichter, (toaniel)skriuwer en toanielregisseur Magda Schneider (1909-1996), toanielspylster, mem fan Romy Schneider Hans W. Geißendörfer (1941), filmregisseur Wolf Blitzer (1948), Amerikaansk sjoernalist Harry Groener (1951), Amerikaansk akteur Peter Dempf (1959), auteur
Kategory:Plak yn Beieren Kategory:Gemeente yn Beieren Kategory:Plak stifte yn de 1e iuw f.Kr.