Dartford is in plak yn it bestjoerlik gebiet Dartford, yn it Ingelske greefskip Kent. It plak hat sa'n 57.000 ynwenners. De stêd leit deun tsjin Greater London oan.

Dartford leit yn de delling fan de rivier de Darent, dêr't de âlde Romeinske hearrewei fan Londen nei Dover trochhinne rint. De namme fan it plak betsjut furde (ford) troch de Darent. Yn Dartford wenje in protte forinzen dy't yn Londen wurkje. De stêd hat ek ien fan de grutste winkelsintrums fan Ingelân.

Berne yn Dartford Mick Jagger, popsjonger Keith Richards, popgitarist Dick Taylor, popmuzikant Peter Blake, keunstner Barry Hawkins, snookerspiler Jo Crab, Belgysk aktrise Graham Dilley, cricketspiler

Ynwenner Andy Fordham, darter

Kategory:Plak yn Kent