Doanjum is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Doanjum leit noardlik fan Frjentsjer, westlik fan Boer en besuden Tsjummearum. De doarpskearn fan Doanjum leit om de Doarpsstrjitte en Tsjummearumerwei.

Op hie Doanjum ynwenners.

Skiednis Doanjum bestiet út in groep terpen op in âlde kwelderwâl. It gebiet moat neffens grûnfynsten al yn de Romeinske tiid bewenne west hawwe. Ut opgroeven ierdewurk docht bliken dat de doetiidske bewenners yn in aardige wolstân libben. Fan de ein fan de Romeinske tiid oant yn de 5e iuw wie it gebiet nei alle gedachten ûnbewenne.

Yn it begjin fan de 17e iuw waard hjir de stins Goslinga State boud, dêr't letter de grytman en steatsman Sicco van Goslinga wenne, dy't yn 1731 ferstoar. Yn 1803 waard de stins ôfbrutsen. Yn de tsjerke fan Doanjum (1711) is in grêfmonumint fan Sicco van Goslinga.

Doanjum hie sûnt 1 oktober 1903 in stasjon oan it NFLS-spoar fan Frjentsjer nei Tsjummearum; de geografyske ôfkoarting wie Dj. By graafwurk foar it spoar waard yn 1911 in brûnzen byldsje út de Romeinske tiid fûn dat de Romeinske god Mars foarstelt. Op 8 oktober 1933 waard it stasjon sluten. thumb|left|Eksekúsjemonumint Riedsterdyk As wraak foar in oanslach op Grietje Sinnema út Rie, dy't as tolk en sekretaresse foar de besetter wurke op de Abteilung für Ernährung und Landwirtschaft yn Frjentsjer en ek ferantwurdlik wie foar de foardering fan hynders en hea foar de Dútske Wehrmacht, hellen de Dútsers op 8 maart 1945 fiif manlju út de Ljouwerter finzenis om dy oan 'e Riedsterdyk tusken Doanjum en Rie te fusillearjen. In monumint op it plak betinkt de fiif slachtoffers.Oorlogsbronnen, oproppen 18 april 2023

Sûnt 2018 leit Doanjum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (Nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjenstjerteradiel (noardertrimdiel).

Mienskip Mei it westlik oanbuorjende Boer hat Doanjum sûnt april 1969 de feriening Doarpsbelang. De feriening ûnderhaldt kontakten mei de gemeente, de wenningstifting en it sosjaal- en maatskiplik wurk De Skûle. De iennige foarsjenning dy't Doanjum hjoeddedei noch hat is it yn 2004 boude doarpshûs 'De Boppeslach'. Sawat om de twa moanne komt de doarpskrante De Skûle út.

Tsjerke thumb|260px|De Protestantske Donatustsjerke fan Doanjum

De nei Donatus fan Münstereifel ferneamde Donatustsjerke is in tsjerke fan de PKN-gemeente Rie-Skingen.

Skoalle De iepenbiere skoalle 'De Twirre' waard fanwegen de ûnwisse takomst wat it tal bern oanbelanget yn 2016 sletten. Yn itselde jier waard ek it pjutteboartersplak sletten. Ljouwerter Krante, 21 oktober 2014

Ferienings Aktiviteitenkommisje Toanielferiening 't Wouterke Keatsferiening 'Moed en Volharding' Iislub Neist 'e terp thumb|260px|Doarpsstrjitte Befolkingsferrin Jier 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2023 2020 Ynwenners 358 358 325 352 423 362 355 370

Berne yn Doanjum Wytze Foppes Dongjuma (1707-1778), útfiner Æbe Haima (1927-2002), keatser Gerrit Rombout (1930-2020), politikus

Ynfrastruktuer

Bustsjinst Troch Doanjum rint de folgjende busline:

Line 75: Minnertsgea - Boalsert fia Frjentsjer

De busline troch Doanjum wurdt fersoarge troch Qbuzz.

Strjitten thumb|260px|Pleats oan de Riedsterswei Doarpsstrjitte, Frjentsjerterwei, Hovensreed, M C Willemsstrjitte, Marten Anemastrjitte, Noarderstrjitte, Riedsterwei, Tsjummearumerwei, Van Goslingastrjitte, Wytse Foppesstrjitte.

Sjoch ek Fryske doarpen.

Kategory:Doarp of stêd yn Frjentsjerteradiel (oant 1984) Kategory:Doarp of stêd yn Frjentsjerteradiel Kategory:Doarp of stêd yn De Waadhoeke