Peins is in doarp dat yn de gemeente De Waadhoeke leit. Peins leit noardeastlik fan Frjentsjer en Skalsum, noardwestlik fan Skingen, súdwestlik fan Slappeterp en besuden Rie. De doarpskearn fan Peins leit om de Sint-Gertrudistsjerke, benammen oan de Doarpsstrjitte, en Master Frankstrjitte. Tegearre mei Boer, Sweins, Ried en Skalsum foarmet Peins it Frjentsjerter Fiifgea.
Op hie Peins ynwenners.
Skiednis thumb|left|220px|Gertrudistsjerke thumb|260px|Himrik fan Peins yn de eardere gemeente Frjentsjerteradiel Peins is in âld doarp dat ûntstie op in terp. It doarp ûnstie al foar de 1200. Aldere farianten fan Peins binne (Pesinghe), Pewenzee (1275), Peijnse (1406), Peynsera Gae (1422), Peijns en Peyns (sûnt 1480), Peyns en sûnt de 16 iuw ek Peins (of Peyns).[ Friese plaatsnamen. Alle steden, dorpen en gehuchten. dr. K.F. Gildemacher, side 288 (2007)
De hjoeddeiske Gertrudistsjerke is 14e iuwsk, mar resten fan tufstien bewize dat it gebou der al earder stie. De âlde sealtektoer is yn 1902 fanwegen brekfalligens ôfbrutsen en ferfongen troch it hjoeddeiske tuorke.
It doarp hie yn de 15e iuw twa stinzen: de Tammingastins en de Aesgemastins.
Sûnt 2018 leit Peins yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (noardertrimdiel).
Mienskip It doarp hat in feriening foar Doarpsbelang dy't gearkomt yn Us Doarpshûs. Dorpskrante 't Roeke-each ferskynt tsien kear yn 't jier. De S.J. Boersma Stifting set him yn foar it yn stân hâlden fan in jeugdbibleteek.
Peinzers wurde tradisjoneel goatlingskrabers neamd.List mei skelnammen, útjûn troch de AFUK yn de jierren 1980 mei ferwizing nei in jierboekje fan de Fryske Akademy, skreaun fan Ph.H. Breuker.
Tsjerke
De eardere herfoarme Gertrudistsjerke wurdt út en troch noch brûkt troch de PKN-gemeente en is tsjintwurdich eigendom fan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. Yn 1913 stifte de Grifformearde Tsjerke fan Frjentsjer it evangelisaasjegebou Rehoboth. Rehoboth waard yn 2018 sletten en ferkocht.Gereformeerde Kerken, 23 novimber 2018 Tsjerklik foarmet protestantsk Peins ûnderdiel fan de PKN-gemeente Rie-Skingen.Side PKN Rie-Skingen
Skoalle In eigen skoalle hat Peins net. De bern fan Peins geane nei de iepenbiere skoalle 'De Oanset' yn Rie.
Ferienings Toanielferiening Nij Libben Keatsferiening Pieter Jellema (Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside) thumb|260px|Brêge Skalsumerfeart
Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2005 2008 2009 2013 Ynwenners 168 342 344 329 316 309 270 278 282 265 Jier 2015 2020 Ynwenners 255 255 (Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.) Berne yn Peins Josse de Haan (1941), Skriuwer en Dichter Pieter van Althuis (1983), Keatser
Strjitten Doarpsstrjitte, Master Frankstrjitte, Potterslân, Riedsterwei, Skalsumerwei, Slappeterpsterwei, Sweinserwei, Tsjerkestrjitte.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn De Waadhoeke Kategory:Doarp of stêd yn Frjentsjerteradiel (oant 1984) Kategory:Doarp of stêd yn Frjentsjerteradiel