Pitersbierrum is it meast westlike doarp fan de gemeente De Waadhoeke. Pitersbierrum leit noardeastlik fan Winaam, westlik fan Seisbierrum en besuden de Waadsee. De doarpskearn fan Pitersbierrum leit benammen om de Fan Hottingawei, dêr’t ek de tsjerke stiet. De op de westlike grins fan de himrik lizzende buorskip Roptasyl heart foar in part ek by Pitersbierrum.
Op hie Pitersbierrum ynwenners.
Skiednis It twadde diel fan de doarpsnamme stamt fan it Aldfryske bêre, dat skuorre of hûs betsjut. Sint-Piter (Petrus) wie de patroanhillige fan de tsjerke en de namme kin dus as "Hûs fan Petrus" útlein wurde. Mooglik foarme Pitersbierrum mei Seisbierrum it âlde en net mear besteande doarp Westerbierrum.[K.F. Gildemachter, Friese Plaatsnamen, ISBN 978 90 330 0643 2 side 195] thumb|left|Hottingastate Yn de 19e iuw waard ek de midsiuwske tsjerke ôfbrutsen en ferfongen troch in 19e-iuwsk gebou, dat in jiermannich letter yn 1843 by swier waar ôfbaarnde. Dêrnei waard de hjoeddeiske tsjerke boud, de toer folge letter yn 1878. West fan de Pitertsjerke stie it barokke slot Hottingastate. Hottingastate waard yn 1844 foar de sloop ferkocht.
Mei't yn 1909 it yn 1857 boude Walburgastate it gemeentehûs fan Barradiel waard, waard in lyts diel fan de himrik fan Pitersbierrum by Seisbierrum foege, sadat it gemeentehûs ek yn it haadplak stie. Nei de opheffing fan Barradiel yn 1984 waard de grûn wer oan 'e Pitersbierrum werom jûn. Walburgastate is sûnt 2008 yn gebrûk as Thomashûs.
Sûnt 2018 leit Pitersbierrum yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente Frjentsjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Barradiel.
Mienskip thumb|Walburgastate 2007|260px|Walburgastate Pitersbierrum foarmet mei Seisbierrum in dûbeldoarp. De doarpen binne de lêste 60 jier oan elkoar fêstgroeid en diele it ferieningslibben, it tsjerklik libben en alle foarsjennings.
It doarpshûs It Waed fan de twa doarpen stiet yn Seisbierrum. Der wurdt wurke oan in nij Multy Funksjoneel Aktiviteitensintrum (2023).doarpsside Seisbierrum-Pitersbierrum
Tsjerke
PKN-gemeente Seisbierrum-Pitersbierrum
Skoalle Prot.-kristlik basisûnderwiis De Skeakel (Seisbierrum) thumb|260px|Van Hottingawei-Tsjerkhôfspaed Ferienings Begraffenisferiening De Laatste Eer Drumfanfare Concordia Fûgelwacht Frjentsjer Fuotbalferiening AVC (webstee Gymnastykferiening Felicitas Iisbaanferiening Meiïnoar Ien Judoferiening Koka Keatsferiening De Twa Doarpen Kaartferiening BKV Rederikerskeamer 'Ons Genoegen' Sixtus-Kantorij Sjonggroep New Sound Soas de Mir Tennisferiening WESP (Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)
Befolkingsferrin Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2003 2009 Ynwenners 380 363 303 296 225 205 172 146 Jier 2015 2020 Ynwenners 137 135 (Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2015 en 2020: Alle Cijfers.) thumb|260px|Eardere herfoarme pastorij Berne yn Pitersbierrum Jelte Eelsma (1539), Frysk frijheidstrider Jan Durks van der Mei (1887), dichter
Monuminten Tsjerke (1845), toer (1878) en pastorij (19e iuw, mooglik in diel 18e-iuwsk) Monumintale pleatsen: Hearewei 2, Hearewei 14, Hoarnestreek 7-9 (Gerbrandastate) Ienfâldich hûs tusken topgevels (1631) oan it Skippersdykje 1
Ynfrastruktuer
Bustsjinst Troch Pitersbierrum rint de folgjende busline:
Line 71: Surch - Ljouwert fia Harns en Minnertsgea
De busline troch Piterbierrum wurdt fersoarge troch Qbuzz.
Strjitten Breed Plak, Hearewei, Hoarnestreek, Hoarpaad, Leane, Liauckamaleane, Skippersdykje, Van Hottingawei, Walburgastrjitte.
Sjoch ek Fryske doarpen.
Kategory:Doarp of stêd yn De Waadhoeke Kategory:Doarp of stêd yn Frjentsjerteradiel Kategory:Doarp of stêd yn Barradiel