Henricus Uden Masman (Winsum, 16 april 1871 - 16 april 1941) wie in Nederlânsk drukker en útjouwer. Earder wie er kommisjonêr fan de gemeente Barradiel.

Masman stichte yn De Haach útjouwerij "De Atlas", dy't Pieter Jelles Troelstra syn 'Rispinge' en Tsj. E. Halbertsmas 'Ut it âlde laech' útjoech. Masman wurke mei oan 'Bûtenboun'. Teffens wie er redakteur fan 'De Fries om utens' en útjouwer fan betinkingsboek 1948.

Masman boaske mei Trijntje Tolsma (Beetstersweach, 1866 - De Haach, 1934) yn Súd-Afrika. Syn soan Dirk Theodoor Uden Masman (Cheribon, Nederlânsk-Ynje, 15 maart 1901 - De Haach, 27 jannewaris 1965) wie muzikus en yn 1926 de oprjochter fan de bigband The Ramblers.

Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk drukker Kategory:Frysk útjouwer Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk drukker Kategory:Nederlânsk útjouwer Kategory:Nederlânsk tydskriftredakteur Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Winsum (Fryslân) Kategory:Persoan berne yn 1871 Kategory:Persoan stoarn yn 1941