De beamotter (wittenskiplike namme: Martes martes), ek wol bekend de "beammarter" (wat in hollanistyske ynterferinsje is), is in sûchdier út it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en it skaai fan 'e marters (Martes). Dit bist komt yn it grutste part fan Jeropa foar, wêrûnder ek Fryslân. It is in middelgrut rôfdier mei in foarkar foar wâldbiotoop, dat nachts aktyf is. De beamotter moat net betize wurde mei de nau besibbe stienmurd (Martes foina), dêr't er in protte op liket. Yn Nederlân genietet de beamotter de status fan beskerme bistesoarte. De IUCN klassifisearret dizze soarte as net bedrige.

Fersprieding De beamotter komt foar yn hast hiele Jeropa, útsein Yslân, súdlik en sintraal Ingelân, súdlik Wales, it uterste noarden fan Skandinaavje en Ruslân, súdlik Ruslân en de Koeban, de súdlike helte fan 'e Oekraïne en Moldaavje en it grutste part fan Grikelân en it Ibearysk Skiereilân. Bûten Jeropa is er ek lânseigen yn in diel fan westlik Sibearje, hast hiele Lyts-Aazje en parten fan Irak, Syrje en Iraan. As eksoat is er troch de minske yntrodusearre op 'e Baleären, yn 'e Middellânske See, dêr't er oarspronklik net foarkaam.

Uterlike skaaimerken De beamotter hat trochinoar in kop-romplingte fan 45–53 sm, mei in sturtlingte fan 23–28 sm en in gewicht fan 0,9–1,9 kg. De soarte fertoant in lichte foarm fan seksuele dimorfy, mei't de wyfkes dúdlik lytser en lichter binne as de mantsjes. De pels fan 'e beamotter is dûnker- oant readbrún, mei griis ûnderhier. Hy hat in asymmetryske bef oer de strôt dy't gielich oant oranje is. Dat is ien fan 'e dingen dêr't er mei ûnderskaat wurde kin fan 'e nau besibbe stienmurd (Martes foina), dy't in wite oant krêmkleurige bef hat. Ek is de beamotter wat minder swier fan lichemsbou as de stienmurd, en hat er justjes langere poaten.

Biotoop Oangeande biotoop fertoant de beamotter in dúdlike foarkar far bosklân, wêrby't er it leafst yn nullewâlden of mingde wâlden ferkeart. Somtiden is er ek yn iepener lânskipstypes te finen, salang't der mar genôch beskûl is yn 'e foarm fan beamte, strewelleguod, beamwâlen en hagen. Oars as de besibbe stienmurd (Martes foina) bejout de beamotter him ornaris net yn 'e neite fan 'e minske.

Hâlden en dragen Beamotters binne betûfte klimmers. As der winterdeis snie leit, libje se fral yn 'e beammen en ferlitte se mar komselden de bosk; yn snieleaze winters en oare jiertiden komme se ek in soad op 'e grûn. De beamotter hat in territoarium dat by mantsjes oprinne kin oant 10 km² (oftewol 1.000 ha), en dan ferskate territoaria fan wyfkes oerlapet. Sawol mantsjes as wyfkes meitsje lange ferkennings- en foerazjeartochten en lizze yn in nacht yn trochsneed wol 2–7 km ôf.

De beamotter is in nachtdier, dat pas aktyf wurdt as it begjint te skimerjen, al moat dêrby oantekene wurde dat er simmerdeis faker by ljochtskyndei op 'en paad is as de stienmurd (Martes foina). Hy liedt in solitêr bestean, útsein yn 'e peartiid, dy't fan juny oant augustus rint. Nei in ferlinge draachtiid fan 9–10 moannen, in ferskynsel dat by mear martereftigen foarkomt en bedoeld is om derfoar te soargjen dat de jongen yn 'e geunstichste tiid fan it jier te wrâld komme, folget in eigentlike draachtiid fan likernôch in moanne. Tusken heal maart en ein april wurde der dan 2–6 jongen smiten, dy't nei 6–7 wiken ôfwûn wurde en nei 8 wiken der foar it earst op út tsjogge. Oan 'e ein fan 'e simmer binne se dan folslein selsstannich. Aldere beamotters duldzje jonge bisten yn harren territoarium. Mantsjes binne fan 2 jier ôf geslachtsryp; wyfkes ornaris fan 3 jier ôf. Beamotters kinne mei in protte lok yn it wyld 14 jier âld wurde. Yn finzenskip kinne se teminsten de 18 jier wol helje.

Fretten Beamotters binne gjin tiere bisten en se frette suver alle soarten proaien en fruchten dy't yn 'e bosk foarkomme. Winterdeis giet it dêrby fral om boskmûzen, wrotmûzen, iikhoarntsjes, mollen en pipermûzen. Fierders fret de beamotter ek wol hazzen, kninen, flearmûzen, ynsekten, wjirms en inkeldris ies. By 't maityd pakt er dêrnjonken ek fûgels en aaien. Mar simmerdeis en hjerstmis skeakelet er alhielendal oer op boskfruchten en hunich.

Status De beamotter hat de IUCN-status fan "net bedrige", wat sizze wol dat der foar dit bist wrâldwiid gjin kâns op útstjerren bestiet. Yn Nederlân, Belgje en it Feriene Keninkryk genietet er wetlike beskerming, mar yn in protte oare lannen en territoaria mei er noch wol bejage wurde. Sûnt er syn beskerme status krigen hat, is de populaasje beamotters yn Nederlân wat oanwoeksen, wat foar in grut part te tankjen is oan 'e fergrutting fan syn areaal troch de ynstelling fan ekologyske ferbiningssônes. Dêrtroch komt er tsjintwurdich bgl. ek yn Flevolân foar.

Keppelings om utens Webside fan 'e Werkgroep Boommarter Nederland

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Marter Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Ingelân Kategory:Lânseigen fauna yn Irak Kategory:Lânseigen fauna yn Iran Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Portegal Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn San Marino Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Syrje Kategory:Lânseigen fauna yn Skotlân Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wales Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân