Rafael Leónidas Trujillo (San Cristóbal, 24 oktober 1891 – Ciudad Trujillo, 30 maaie 1961) wie in politikus en militêr út de Dominikaanske Republyk.

Fan 1930 oant 1961 regearre er dat lân as in diktator. Fan 1930 oant 1938 en fan 1942 oant 1952 wie er presidint. De tritich jier dat er de macht hie wurde beskôge as ien fan de meast bluodrige tiidrekken ea yn de skiednis fan Amearika, mar ek as in tiid fan klassike persoansferhearliking. Monuminten fan Trujillo wienen der by de roes.

Under Dominikanen is syn regear ferneamd as it Trujillotiidrek (Spaansk: La Era de Trujillo). Hy krige de bynamme chapita (kroankoark). Dat makke him dûm, dat hy ferbea it wurd chapita. In oare bynamme foar Trujillo wie "de bok" (El chivo), om reden fan syn protte ferhâldingen bûten it houlik om.

Kategory:Presidint fan de Dominikaanske Republyk Kategory:Diktator Kategory:Dominikaansk politikus (Dominikaanske Republyk) Kategory:Dominikaansk generaal (Dominikaanske Republyk) Kategory:Dominikaansk misdieslachtoffer (Dominikaanske Republyk) Kategory:Dominikaansk persoan (Dominikaanske Republyk) fan Frânsk komôf Kategory:Dominikaansk persoan (Dominikaanske Republyk) fan Haïtiaansk komôf Kategory:Dominikaansk persoan (Dominikaanske Republyk) fan Kanarysk komôf Kategory:Dominikaansk persoan (Dominikaanske Republyk) fan Spaansk komôf Kategory:Persoan dy't omkommen is by in moardoanslach Kategory:Persoan berne yn 1891 Kategory:Persoan stoarn yn 1961