Jelly Keekstra (Brantgum, 17 juny 1948) is in Frysk dichteresse. Keekstra waard opbrocht yn Holwert, is troud mei skriuwer Rommert Tjeerdsma en wennet yn Marrum.
Keekstra wie in warber lid fan toanielklup ‘Pro Rege’ en die ek gauris mei yn revu’s en kabaret. Nei in tiid fan siikwêzen skeakele se oer op it dichtsjen. Healwei de njoggentiger jierren stjoerde se in fers op nei de Nieuwe Dockumer Courant. Letter publisearre se ek yn oare blêden lykas 'De fleanende Krie' fan de KFFB.
Bibliografy Poëzy 1993 : Op 'e amme fan 'e wyn 1997 : Fleagen fan fielen 2000 : By it lemieren 2004 : Ien fan ritme
Kategory:Frysk dichter Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Brantgum Kategory:Persoan berne yn 1948