De marters (Latynske namme: Martes) foarmje in skaai fan 'e klasse fan de sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e rôfdieren (Carnivora), de famylje fan 'e martereftigen (Mustelidae) en de ûnderfamylje fan 'e grutte marters (Guloninae). Ta dit skaai hearre acht soarten slanke linige martereftigen mei boarstelsturten, lykas de stienmurd en de beamotter, dy't beide ek yn Fryslân foarkomme. Harren pels waard (en wurdt noch wol) as tige weardefol beskôge, wat der de oarsaak fan is dat ien soarte, de sabelmarter yn it ferline tige slim bejage is. Marters libje yn Jeraazje (oant Borneo ta) en yn Noard-Amearika. It skaai fan 'e marters moat net betize wurde mei it ûnderskaai dat deselde namme hat.
Soarten
skaai marters (Martes) ûnderskaai bûnte marters (Charronia) Maleiske bûnte marter (Martes flavigula) Nilgirimarter (Martes gwatkinsii) ûnderskaai marters of gewoane marters (Martes) Amerikaanske marter (Martes americana) Nijfûnlânske beamotter (Martes americana atrata) beamotter (Martes martes) Japanske marter (Martes melampus) Pasifyske marter (Martes caurina) sabelmarter (Martes zibellina) stienmurd (Martes foina)
Kategory:Sûchdiereskaai Kategory:Martereftige