Piter Tanjé (Boalsert, 15 febrewaris 1706 — Amsterdam, 29 juny 1761) wie in 18e iuwsk Nederlânsk grafikus, etser, tekener en kopiist.
Biografy Neffens it RKD wie er boatsjonge op de beurttsjinst tusken Boalsert en Amsterdam dy't yn syn frije tiid grafyske ûntwerpen foar snúfdoazen makke. Hy hie sa'n protte súkses mei syn snúfdoazen dat Jacob Folkema him oantrune ta ynskriuwen by de Amsterdamske Stadsacademie; dat die er op syn 24e en waard dêr learling fan Bernard Picart, Jacob Houbraken, Cornelis Troost en Jacob de Wit. Hy grafearre goed 100 platen foar Johan fan Gool's boek mei keunstnersbiografyen, Nieuw Schouburg (1750), meast neffens portretsketsen fan Aart Schouman. Pieter Tanjé by de RKD
Galery
Keppeling om utens
Kategory:Frysk grafikus Kategory:Nederlânsk grafikus Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Boalsert Kategory:Persoan berne yn 1706 Kategory:Persoan stoarn yn 1761