thumb|Alfred Tennyson Alfred Tennyson (Somersby, Lincolnshire, 6 augustus 1809 – Blackdown, Susseks, 6 oktober 1892), ek wol oantsjut as Alfred, Lord Tennyson, wie in Ingelsk dichter. Tennyson wie Poet Laureate (hofdichter) fan it Feriene Keninkryk en is oant no ta noch altyd ien fan de populêrste Ingelske dichters. Hy is yn The Oxford Dictionary of Quotations de twads meast sitearre auteur, nei Shakespeare.

In protte fan syn dichtwurk is basearre op klassike mytologyske temas. In Memoriam A.H.H. waard lykwols skreaun ta oantins fan syn bêste freon Arthur Hallam, in kollega-dichter en meistudint oan it Trinity College dy't ek fersein wie oan de suster fan Tennyson mar bytiids stoar oan in harsenbloeding. Ta syn meast ferneamde gedichten hearre Idylls of the King (1885), in rige epyske gedichten grûnfêste op de leginde fan kening Arthur, Ulysses en Tithonus. It earste wurk waard opdroegen oan prins Albert, de man fan keninginne Fiktoaria. Tennyson hat ek foar teäter skreaun, mar syn stikken waarden gjin súkses.

Kar-út it wurk fan Tennyson Ut Poems, Chiefly Lyrical (1830): The Dying Swan The Kraken Mariana Lady Clara Vere de Vere (1832) Ut Poems (1833): The Lotos-Eaters The Lady of Shalott (1832, 1842) Ut Poems (1842): Locksley Hall Tithonus The Two Voices (1834) Ulysses (1833) The Princess (1847) Tears, Idle Tears In Memoriam A.H.H. (1849) Ring Out, Wild Bells (1850) The Charge of the Light Brigade (1854) Maud (1855/1856) Enoch Arden (1862/1864) - Waling Dykstra makke in proazabewurking fan it gedicht (1871) Flower in the crannied wall (1869) The Window - Lietesyklus mei Arthur Sullivan (1871) Harold (1876) - betsjutte fannijs omtinken foar kening Harold Idylls of the King (samling 1833-1874). 20px Fryske oersetting: De Fal fan Camelot (fert. Geart fan der Mear, 2011). Locksley Hall Sixty Years After (1886) Crossing the Bar (1889) The Foresters - toanielstik mei út en troch muzyk fan Arthur Sullivan (1891)

Keppelings om utens Alfred Tennyson yn Wikisource Tennyson syn grêf, Westminster Abbey Biografy & Wurk (publyk domein) Kopy on line fan 'Locksley Hall' Kar-út gedichten fan A.Tennyson The Twickenham Museum - Alfred Lord Tennyson yn Twickenham Tennyson yn Twickenham Alfred Tennyson op Projekt Gutenberg Folsleine biografy & wurk Kar-út wurk fan A. Tennyson op Inspired Poetry Yllustraasjes fan Tennyson syn gedichten troch Anja Cazemier

Kategory:Ingelsk dichter Kategory:Ingelsk oersetter Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Ingelske adel Kategory:Persoan berne yn 1809 Kategory:Persoan stoarn yn 1892