Jehannes Paulus II (Wadowice, 18 maaie 1920 - Fatikaanstêd, 2 april 2005) waard berne yn Wadowice by Krakau yn Poalen, as Karol Józef Wojtyła. Hy wie fan 1978 oant 2005 paus. Op 1 maaie 2011 waard Jehannes Paulus II sillich ferklearre troch paus Benediktus XVI.

Karol Józef Wojtyła wie de soan fan Karol Wojtyła en Emilia Kaczorowska. Hy gie yn syn berteplak nei de middelbere skoalle en studearre oan de Universiteit fan Krakau. Syn stúdzje waard ûnderbrutsen troch de Twadde Wrâldkriich. Om oan deportaasje te ûntkommen socht er wurk yn in fabryk. Op 1 novimber 1946 waard er pryster. Hy makke syn stúdzje ôf en helle yn 1948 yn Rome in doktoraat yn de teology.

Op 4 july 1958 waard hy helpbiskop fan Krakau en al op 28 septimber fan dat jier biskop. Op 13 jannewaris 1964 waard hy dêr aartsbiskop en op 26 juny 1967 kardinaal. Op 16 oktober 1978 waard hy beneamd ta paus, ûnder de namme Jehannes Paulus II. Hy wie de earste net Italjaanske paus nei in tiidrek fan 455 jier. thumb|left|400px|De lannen dy't Jehannes Paulus II besocht yn syn pontifikaat Jehannes Paulus II wie in reizgjende paus: Hy makke meiïnoar mear as 100 bûtenlânske reizen.

Kategory:Poalsk dichter Kategory:Poalsk toanielskriuwer Kategory:Poalsk aartsbiskop Kategory:Roomsk-katolyk aartsbiskop Kategory:Poalsk kardinaal Kategory:Paus Kategory:Poalsk filosoof Kategory:Poalsk teolooch Kategory:Poalsk publisist Kategory:Poalsk sosjaal aktivist Kategory:Poalsk polityk aktivist Kategory:Poalsk minskerjochte-aktivist Kategory:Anty-abortusaktivist Kategory:Poalsk autobiograaf Kategory:Poalsk konservatyf Kategory:Poalsk humanist Kategory:Poalsk persoan yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Poalsk misdieslachtoffer Kategory:Persoan dy't in moardoanslach oerlibbe hat Kategory:Winner fan de Presidinsjele Frijheidsmedalje Kategory:Poalsk hillige Kategory:Roomsk-katolyk hillige Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 2005