De foarnamme Jehannes, gauris ferkoarte ta Jan, Jehan, Johan, Jannes, Janus, Han of Hannes.
Persoanen Jehannes de Doper (±7 f.Kr.-±30 n.Kr.), in profeet dy't beskôge wurdt as in foarrinder fan Jezus Kristus. De apostel Jehannes (±6-±100). De evangelist Jehannes, skriuwer fan it Evangeelje fan Jehannes, al of net deselde as de apostel Jehannes. Jehannes fan Patmos, de skriuwer fan 'e Iepenbiering fan Jehannes, al of net deselde as de apostel Jehannes. Jehannes de Presbyter, in obskuer figuer yn 'e iere kristlike tsjerke, al of net deselde as de apostel Jehannes. De apostel Jehannes Markus, nei alle wierskynlikheid deselde as de evangelist Markus. Keizer Jehannes fan it Westromeinske Ryk (reg. 423-425).
Foar de 23 pausen fan Rome mei de namme Jehannes (en de twa mei de namme Jehannes Paulus), sjoch: List fan pausen.
Bibelske geskriften It Evangeelje fan Jehannes, yn 'e regel ôfkoarte ta Jehannes. It Earste Brief fan Jehannes, yn 'e regel ôfkoarte ta 1 Jehannes. It Twadde Brief fan Jehannes, yn 'e regel ôfkoarte ta 2 Jehannes. It Tredde Brief fan Jehannes, yn 'e regel ôfkoarte ta 3 Jehannes. De Iepenbiering fan Jehannes, yn 'e regel ôfkoarte ta Iepenbiering.