Auckland City wie oant 2010 de grutste en meast sintrale stedske gemeenten dy't tegearre mei de fjouwer oansletten stedske gemeenten de stêdekloft Auckland foarmen. Auckland wie it wichtichste sintrum fan 'e regio Auckland yn Nij-Seeland.

Auckland City waard op 1 novimber 2010 tegearre mei de stêden Manukau City, North Shore City en Waitakere City, de distrikten Papakura District, Rodney District en in part fan it Franklin District en de bestjoerlike ienheid Auckland Region gearfoege ta de Auckland Council.

Geografy It grutste part fan 'e eardere stêd Auckland City, dy't in oerflak fan 669 km² hie, lei op 'e lântonge tusken de Waitematā Harbour yn it easten, dy't tagong hat ta de Hauraki Gulf, en de Manukau Harbour, dy't yn it westen yn 'e Tasmansee útmûnet. Yn it noarden grinzgen de stêden North Shore City en Waitakere City oan Auckland City en yn it suden Manukau City.

Ta Auckland City hearden ek de talrike eilannen yn 'e Golf fan Hauraki, wêrfan't de wichtichsten Rangitoto Island, Motutapu Island, Browns Island, Motuihe Island, Rakino Island, Ponui Island en Waiheke Island binne. De beide grutste eilannen yn 'e bûtenste Golf fan Hauraki binne Great Barrier Island en Te Hauturu-o-Toi / Little Barrier Island.

Kategory:Plak yn Nij-Seelân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1871 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2010