Lois McMaster Bujold (Columbus (Ohio), 2 novimber 1949) is in Amerikaanske skriuwster fan mear as fjirtich romans, novellen, koarte ferhalen en essays. Har fiksje heart ta de science fiction- en fantasy-sjenres. (Har twadde efternamme wurdt op fonetysk Amerikaansk-Ingelske wize útsprutsen as /buʒo:ld/.) Bujold is skieden en hat twa folwoeksen bern. Se is hikke en tein yn Ohio, mar wennet yn Minnesota. Sûnt de publikaasje fan har earste boek, yn 1986, hat hja har ûntjûn ta ien fan 'e súksesfolste en meast bekroande skriuwers yn har sjenre. Sa hat se fjouwer kear de prestizjeuze Hugo Award foar de bêste roman wûn, wêrmei't se it rekôr fan de ferneamde Robert A. Heinlein silger beliket. Dêrnjonken hat se û.m. in Hugo Award foar de bêste novelle, trije Nebula Awards, trije Locus Awards en in Mythopoeic Award wûn. Boppedat hat se de Skylark Award takend krigen foar har hiele oeuvre. Bujold har wurk is oerset yn teminsten tweintich talen, wêrûnder it Frysk (ien boek) en it Nederlânsk (twa boeken).
Fierwei it grutste part fan Bujold har wurk kin opdield wurde yn trije searjes, wêrfan't The Vorkosigan Saga it grutste is mei fyftjin romans en fiif novellen (dy't oars allegearre los faninoar lêzen wurde kinne). It binne science fiction-ferhalen dy't likernôch njoggenhûndert jier yn 'e takomst spylje, mei almeast yn 'e haadrol de lichaamlik beheinde ealman, spion, admiraal en ryksauditeur Miles Vorkosigan. De oare beide rigen fan Bujold hearre beide ta it fantasy-sjenre. Yn The World of the Five Gods binne oant no ta trije romans en in stikmannich novellen ferskynd (ek los faninoar te lêzen), dy't spylje yn in Midsiuwskige wrâld dêr't fiif goaden direkte bemuoienis hawwe mei de libbens fan 'e minsken. Fierders is der dan noch de The Sharing Knife, fjouwer boeken (minder goed los faninoar te lêzen) dy't spylje yn in wrâld dy't wol wat wei hat fan in Amerikaansk pioniersdekôr (sis mar it Wylde Westen sûnder fjoerwapens, mar mei boppenatuerlike wêzens en -ferskynsels).
Biografy
Komôf Bujold waard berne op 2 novimber 1949, te Columbus, de haadstêd fan 'e Amerikaanske steat Ohio. Hja groeide op as jongste bern yn in gesin mei twa bruorren yn it plakje Delaware, op it plattelân yn 'e omkriten fan Columbus, yn in gebiet dat hjoed de dei heal ferstedske is, mar dêr't men doedestiden noch tolve myl ride moast om boadskippen te dwaan. Bujold, Lois McMaster, How I Met the Inklings, taspraak jûn op 6 aug. 2006 op 'e 37ste Mythcon-konvinsje, oan 'e Universiteit fan Oklahoma, te Norman, Oklahoma (www.dendarii.com). Har beide âldere bruorren binne L. Roy McMaster, in ynvestearringsadviseur, en James A. "Jim" McMaster, in yngenieur dy't syn wurk hat op it mêd fan ûndersyk en ûntwikkeling fan gemyske produksjemetoaden. Jaffee, Robert I., A Tribute to Robert Charles McMaster 1913-1986 (www.dendarii.com).
Bujold is de dochter fan Laura Elizabeth Gerould McMaster (1912-2003) en Robert Charles "Bob" McMaster (1913-1986), dy't trouden yn 1937. Har heit, waans woartels yn Pittsburgh, yn 'e steat Pennsylvania leine, wie natuerkundige en yngenieur en letter perfester laskboukunde en elektroboukunde oan 'e Steatsuniversiteit fan Ohio (Ohio State University), te Columbus, mei mear as trijehûndert publikaasjes en njoggentjin oktroaien op syn namme. As pionier op it mêd fan net-destruktyf ûndersyk levere er as redakteur (wat fakentiden op it hielendal op 'e nij skriuwen fan 'e oanbeane stikken delkaam) in ûnbidich grutte bydrage oan sawol de earste as de twadde edysje fan it monumintale Nondestructive Testing Handbook (útjûn troch de American Society for Nondestructive Testing), dat yn 'e Amerikaanske wittenskiplike wrâld in begryp is en dat oerset is yn it Frânsk, Spaansk, Russysk en Sineesk. Yn 'e Feriene Steaten is it better bekend ûnder de nei Bujold har heit ferwizende ûnoffisjele titel McMaster on Materials. Jaffee, Robert I., A Tribute to Robert Charles McMaster 1913-1986 (www.dendarii.com).
Yn it neiwurd fan 'e omnibus Young Miles skriuwt Bujold dat har heit njonken syn ûndersyk en kolleezjes "bybeunde" (har wurd) as de twadde tillefyzjewaarman yn 'e Feriene Steaten, op Channel 10 Columbus (1950-1964). Hja seit dêroer fierders: "Doe't it programma foar it earst op 'e tillefyzje kaam, duorre it waarsegmint in kertier en hy soarge der dan altyd foar dat er dêr behalven de waarsfoarsizzing ek in koarte meteorologyles yn troppe. Hy wie sa goed, dat de piloaten fan it Strategysk Loftkommando op 'e Loftmachtbasis Lockbourne it foar de moade hiene en belje him op foar in waarberjocht foarôfgeande oan harren flechten, mei't se foar waarsfoarsizzings oan him de foarkar joegen boppe harren minder betroubere militêre boarnen, oant harren lieding derefter kaam en der it near op lei." Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Young Miles, s. 836-837.
Jonkheid Al fan jongs ôf oan wie Bujold in letterfretter; se "waard fereale" op it lêzen fan boeken yn 'e trêde klasse fan 'e legere skoalle. Dat barde frij abrupt nei't se op in stuit tafalligerwize ûntdiek dat se har net hoegde te beheinen ta de tinne boekjes mei mear plaatsjes as tekst, dy't by de fêste besiken oan 'e skoalbibleteek foar har klasse klearlein waarden, mar dat se elts boek útsykje mocht dat dêr yn 'e kasten stie. Dat hoegde har net twaris sein te wurden. Yn it begjin hiene benammen hynsteferhalen (bgl. fan Walter Farley) har foarkar, wat fuortkaam út har leafde foar har eigen skimmelponny, dy't se Sunny neamd hie. Mar op har njoggende begûn se science fiction foar folwoeksenen te lêzen, eat dat neffens har te witen is oan har heit. Dy mocht nammentlik graach science fiction-boeken en -tydskriften keapje om ûnderweis yn it fleantúch te lêzen as er earne as adviseur byroppen waard, wat gauris barde. Dy boeken en tydskriften tommelen dan letter thús om oant in lêsgraach jong famke se har taeigene. Carl, Lillian Stewart, A Conversation with Lois McMaster Bujold, yn The Vorkosigan Companion. Letter wreide har smaak kwa lêsfoer him út ta û.m. fantasy, detektiveromans, reisferhalen, românses, skiednis, oarlochsromans en poëzij. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
Bujold har earste besykjen ta skriuwen kaam oan it begjin fan 'e middelskoalle (junior high school of middle school), it skoalnivo dat yn 'e Feriene Steaten tusken it leger ûnderwiis (elementary school) en it fuortset ûnderwiis (high school) yn sit. Dêrby gie it yn it begjin noch fral om fragmintaryske imitaasjes fan har favorite auteurs. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
Nei de middelskoalle gie Bujold nei de Upper Arlington High School yn Upper Arlington, in noardwestlike foarstêd fan Columbus, en behelle dêr yn 1967 har middelbere-skoaldiploma. De hiele middelbere skoalle troch wurke hja mei har bêste kammeraatske Lillian Stewart gear oan 'e ûntwikkeling alderlei lange ferhaallinen, dêr't se mar lytse stikjes fan útwurken, al monopolisearren se der faak de typmasine en bânrekorder fan har geduldige heit foar. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
As hichtepunt fan har middelbere-skoaljierren beskôget Bujold de reis dy't se mei har âldelju en bruorren makke nei Jeropa, yn 1965. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com). Sels seit Bujold dêroer: "Hoe't ik krekt as fyftjinjierrige tastimming losweakke om foarôfgeand [oan dy famyljefakânsje] trije wiken lang mei myn 21-jierrige broer troch Ingelân te liftsjen, dêrby de rûte fan 'e jongereinherbergen folgjend en libjend op fiif dollars deis, heucht my no net mear, hoewol't ik fermoedzje dat ús mem der foargoed troch traumatisearre rekke is." Se besochten û.m. Oxford, dêr't se sa let by de jongereinherberge arrivearren dat se foar de tichte doar kamen en de heale nacht op in bankje yn it park trochbringe moasten, oant in pleatslike bobby harren by de jongereinherberge oer de bûtenmuorre hinne holp omdat er de studint net fine koe dy't de kaai fan 'e bûtendoar hie. De oare deis giene se nei Stratford-upon-Avon, it berte- en stjerplak fan Shakespeare, dêr't se dy syn Leafde's Lêst Net Leanne (Love's Labour's Lost) seagen, opfierd troch de Royal Shakespeare Company, al ferdodze Bujold har broer it grutste part fan dat toanielstik. Bujold: "Letter op 'e reis metten we ús heit en mem yn Parys, en myn broer wie aardich opluchte dat er my by harren dumpe koe. Hy reizge dêrnei noardoan op 'e tomme om efter de Finske fammen oan, wylst wy yn in hierauto nei it suden setten." Bujold, Lois McMaster, How I Met the Inklings, taspraak jûn op 6 aug. 2006 op 'e 37ste Mythcon-konvinsje, oan 'e Universiteit fan Oklahoma, te Norman, Oklahoma (www.dendarii.com).
Yn in boekhannel yn Rome kocht hja in twaddehâns boek dat Tolkien syn It Selskip fan de Ring bliek te wêzen. It wie in grutte teloarstelling foar har, want it ferhaal stoar op 'e ein samar wat fuort en nearne yn it boek (útsein ûnderoan fuortstoppe yn it stikje "oer de skriuwer", dat sy fansels net lies) waard fernijd dat it gie om it earste diel fan in trilogy. In healjier letter fûn se tafallich yn in boekhannel yn Columbus de byhearrende oare dielen, in momint dat har noch hierskerp bystiet om 'e oerstjalpjende blydskip dy't se doe fielde. It lêzen fan Master fan Alle Ringen (The Lord of the Rings) sette har der datselde jiers noch ta oan om te besykjen har eigen Tolkieneske epos te skriuwen (noch wol yn fersfoarm), mar it die bliken dat dat net libbensfetber wie. Bujold, Lois McMaster, How I Met the Inklings, taspraak jûn op 6 aug. 2006 op 'e 37ste Mythcon-konvinsje, oan 'e Universiteit fan Oklahoma, te Norman, Oklahoma (www.dendarii.com).
Folwoeksen Libben Foarôfgeande oan 'e Skriuwkarriêre Fan 1968 oant 1972 folge Bujold kolleezjes oan 'e Steatsuniversiteit fan Ohio, te Columbus. Fanwegen har sigesaagjende stúdzjekoerts, mei ferskate feroarings fan haadfak (Ingelske taal- en letterkunde, biology, ûnderwiiskunde en farmaseutyske genêskunde), ferliet se de universiteit ta ein beslút sûnder ôfstudearre te wêzen. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com). "Myn hert lei yn it kreätive, en net yn it beoardieljende part fan 'e dingen," seit Bujold dêr sels oer.<ref>Ohio Reading Road Trip, Lois McMaster Bujold (www.orrt.org/bujold/).</ref> As har eigentlike oplieding beskôget se lykwols it lêzen fan fiif boeken wyks, tsien jier efterinoar, út 'e ûnbidich grutte universiteitsbibleteek, njonken wat se al lêzen hie ear't se op 'e universiteit kaam en wat se troch de jierren hinne fan har heit leard hie.Locus Biography (www.dendarii.com). Yn dyselde tiid makke hja fanwegen har belangstelling foar de libbene natoer en close-upfotografy ek in seis wike duorjende biologystúdzjereis nei East-Afrika. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
Nei't se har stúdzje deroan jûn hie, wurke Bujold as aptekersassistinte yn it Steatsuniversiteitssikehûs fan Ohio (the Ohio State University Hospitals), wêrmei't se har tagong ta de universiteitsbibleteek behold. Fan skriuwen kaam yn dy jierren net in protte telâne, útsein de Sherlock Holmes-imitaasje The Adventure of the Lady on the Embankment, dy't úteinlik sechstich siden berikte. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
Underwilens hie Bujold yn 1969 de subkultuer fan it science fiction-fandom ûntdutsen, dêr't se har daliks yn stoarten hie. Sa kaam hja yn 'e kunde mei in oare science fiction-leafhawwer, John Fredric Bujold, mei wa't se op har twaentweintichste, yn 1971 troude.Locus Biography (www.dendarii.com). Yn 1978 naam se ûntslach om mei him in gesin te stiftsjen en befoel in jier letter fan har dochter Anne. Har soan Paul waard yn 1981 berne. Fan 1980 ôf wenne se mei har gesin yn it stedsje Marion, yn Midden-Ohio, 80 km benoarden Columbus. Bujold, Lois McMaster, Biolog (www.dendarii.com).
Iere Skriuwkarriêre