The Vorkosigan Saga is in omfangrike searje fan science fiction-romans en -novellen fan 'e hân fan 'e súksesfolle en mannichfâld bekroande Amerikaanske skriuwster Lois McMaster Bujold, dy't yn in mienskiplik fiksjoneel takomstich hielal spylje, mar allegearre los faninoar lêzen wurde kinne. Bujold har oanpak by it skriuwen fariëarret, mei in miks fan spanning, aventoer, romantyk, komeedzje en tragyk dy't per boek ferskilt. Syn namme tanket The Vorkosigan Saga oan 'e lichaamlik hendikepte ealman, hierling, spion, admiraal en ryksauditeur Miles Vorkosigan, dy't yn it grutste part fan 'e romansearje de haadrol spilet. De boeken fan The Vorkosigan Saga hawwe in grut tal prizen wûn, mei dêrûnder fjouwer Hugo Awards, twa Nebula Awards en twa Locus Awards. Yn 2017 wûn de rige as gehiel de Hugo Award foar bêste romansearje. Boeken út 'e searje binne oerset yn teminsten njoggentjin talen, wêrûnder twa yn it Nederlânsk.
Eftergrûn The Vorkosigan Saga foarmet fierwei it grutste part fan it oeuvre fan 'e Amerikaanske skriuwster Lois McMasterBujold (1949). De boeken en novellen dêr't de searje út opmakke is, spylje likernôch njoggenhûndert jier yn 'e takomst yn in mienskiplik hielal, mar kinne los faninoar lêzen wurde, mei't de auteur elts ûnderdiel fan 'e searje behannelet as in ôfrûne ferhaal. Har redens dêrfoar binne trijefâld. Yn it foarste plak moat men der neffens har as skriuwer fan útgean dat de lêzer jins boeken yn in folslein willekeurige folchoarder ûnder eagen krije sil. Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Cordelia's Honor, s. 591-592. Oard koe hja yn 't foar noch net witte oft de searje libbensfetber wêze soe: "Hoewol't ik hope in searje te ûntwikkeljen, doarst ik dêr net op te rekkenjen; boeken út in searje soene mei-inoar driuwen bliuwe kinne, mar se koene ek mei-inoar kopke-ûnder gean, en ik woe my derfan bewissigje dat eltse roman oer in eigen rêdingsboat beskikte." Bujold, Lois McMaster, Author's Afterword, yn 'e omnibus Cordelia's Honor, s. 594. En trêd wie der noch in oar omtinken: Bujold hat The Vorkosigan Saga ntl. net skreaun as in lineêre rige fan begjin oant ein, mar hinne en wer hippend fan it iene punt yn 'e tiidsline nei it oare. Dêrfandinne dat de folchoarder fan útjefte fan 'e boeken net oerienkomt mei de ynterne gronology fan 'e searje.
The Vorkosigan Saga is skreaun yn it personele perspektyf en beslane in breed skala oan subsjenres en krúsbestowings mei oare sjenres. Sa is The Vor Game militêre science fiction, The Mountains of Mourning in (sij it nochal a-typysk) detektiveferhaal, Komarr in romantysk drama en A Civil Campaign in romantyske komeedzje. Alle ferhalen út 'e searje, lykwols, befetsje humor, al is dat bytiden tige swarte humor, dy't fuort njonken djippe tragyk pleatst wurdt. It earste boek út 'e searje (Shards of Honor) kaam út yn 1986, en it (foarearst) lêste boek, (Captain Vorpatril's Alliance) yn 2012.
It Vorkosiversum
Algemien The Vorkosigan Saga spilet yn wat guon Bujold-fans it Vorkosiversum (the Vorkosiverse) doopt hawwe. Dat is it hielal likernôch njoggenhûndert jier yn 'e takomst, wannear't de minskheid him fan 'e Ierde útspraat hat oer een grut part fan it Molkenpaad. De earste súksesfolle kolonisaasje fan in planeet bûten ús sinnestelsel wie dy fan Bêta Koloanje (Beta Colony), likernôch seishûndert jier foar de berte fan Miles Vorkosigan, de haadpersoan fan it grutste part fan The Vorkosigan Saga. Yn 'e tiid fan Miles Vorkosigan binne der tsientallen, miskien wol hûnderten troch minsken bewenne planeten, mei in grut ferskaat oan sterk ferskillende en noch altiten útinoargroeiende kultueren. Bûtenierdske wêzens binne oant safier noch net ûntdutsen, of alteast, gjin bûtenierdske wêzens fan heger statuer as it diereryk; dat de minskheid hoecht mei nimmen te kriigjen. Dat is ek mar goed, want men is drokkernôch mei ûnderlinge strideraasjes. Carl, Lillian Stewart en Helfers, John, The Vorkosigan Companion.
Tiidrekkening Bujold skinkt mar symboalysk omtinken oan 'e ferskillen yn mjitbere tiidsienheden, sa't dy fan planeet ta planeet foarkomme. Se hâldt in op 'e Ierde basearre "standertjier" oan, dat oeral yn gebrûk is. Boppedat wurde dagen berekkene op grûn fan Ierdske "standertoeren", hoe lang't hja op in beskate planeet yn it echt ek wêze meie. Dêrút folget dan dat in dei op 'e planeet Barrayar 26,7 oeren duorret, en op 'e planeet Komarr 19 oeren. Bujold sels hat datoangeande opmurken dat sa'n systeem noch technologysk, noch ekonomysk wurkber is, mar poer in ferienfâldiging dy't it fertellen fan it ferhaal ta tsjinst stiet.Bujold, Lois McMaster, Space Opera, Miles, and Me (baencd.thefifthimperium.com).
Technology
Wjirmgatreizgjen De Ierde en de romtestasjons en kolonisearre planeten wurde yn it Vorkosiversum mei-inoar ferbûn troch de saneamde Wjirmgatferbining (Wormhole Nexus), dy't wjirmgatreizgjen mooglik makket troch tunnels dy't har fan natuere foardogge yn it tiid-romtekontinuum. Op dy manear kin men fan planeet nei planeet reizgje yn in ridlik koarte tiid (fan dagen, of heechút wiken), wêrby't de reis nei en fan it wjirmgat, troch de gewoane, stellêre romte, fierwei de measte tiid yn beslach nimt.
Wjirmgatreizgjen komt yn science fiction-ferhalen withoefaak foar om it probleem fan ynterstellêr reizgjen op te lossen: mei konvinsjonele romtefeart soe in reis tusken twa stjerrestelsels ntl. generaasjeslang duorje. Troch wjirmgatten as fêststeand feit op te fieren kin in auteur sokke ûnwinsklike gefolgen foar syn ferhaalline omsile. In alternative oplossing soe flugger-as-ljocht-reizgjen wêze, mar dat is ûnder de spesjale relativiteitsteory neffens ús hjoeddeiske begryp fan it aard fan it hielal ûnmooglik, alteast ynsafier't it om fêste struktueren of libbene wêzens giet.Feinberg, Gerald, Possibility of Faster-Than-Light Particles. Dêr komt noch by it probleem dat it ferskynsel tiidsdilataasje opsmite soe: op romteskippen dy't har mei superluminale faasje fuortbewege, soe de tiid yn ferliking stadiger gean as op planeten, mei as gefolch dat romtereizgers yn ferhâlding folle langer lykje soene te libjen as planeetbewenners (hoewol't sysels it tiidsferrin as persiis-en-gelyk waarnimme soene).Einstein, Albert, Relativity: The Special and General Theory. It bestean fan wjirmgatten, oan 'e oare kant, hat wis wol ienige wittenskiplike basis yn 'e teory fan 'e romtefeart en astronomy, mar op it stuit is it noch folslein hypotetysk en falt it troch it ûntbrekken fan 'e needsaaklike technology te bewizen noch te ûntkrêftsjen. (Dêr moat by oantekene wurde dat wjirmgatten foar it earst wittenskiplik beskreaun waarden troch de Dútske wiskundige Hermann Weyl, yn 1921, wylst de namme betocht waard troch de Amerikaanske teoretysk natuerkundige John Archibald Wheeler, yn 1957.)Coleman, R.A., en Korté, Herbert, Mathematician, Physicist, Philosopher.
Yn it fiktive Vorkosiversum hinget wjirmgatreizgjen ôf fan "fiifdiminsjonale wiskundige berekkenings" (five-space math) en "Necklin-fjildgeneratorsteaven" (Necklin field generator rods), dy't de trijediminsjonele romte útteare nei fiif diminsjes en sa de trochfeart troch in wjirmgat mooglik meitsje. Sa'n trochfeart, in "wjirmgatsprong" (wormhole jump), wurdt troch minsken ornaris ûnderfûn as in mislikmeitsjende sensaasje dy't mar inkele tellen duorret, en dy't Bujold omskriuwt as: "it kleverige, skokkende gefoel fan ynienen wekker te wurden út in nachtmerje dy't men jin net mear yn 't sin bringe kin."Bujold, Lois McMaster, Shards of Honor, haadstik 7. By party minsken wekket it lykwols in slimmere reäksje op, sasear sels dat hja platspuite wurde moatte foar in "wjirmgatsprong". Inkeld piloaten fan ynterstellêre romteskippen (saneamde "sprongskippen", jumpships) kinne, troch de harsenymplantaten dêr't se oer beskikke, in wjirmgatsprong ûnderfine as in duorjende tiidspanne (almeast fan in pear oeren), sadat se harren romteskip troch it wjirmgat loadsje kinne.
De measte bewenne stjerrestelsels fan it Vorkosiversum kinne lykslein wurde mei ien inkele steatkundige ienheid. Sa behearskje de planetêre regearings fan 'e Ierde, Athos en Kibou-daini harren respektivelike stjerrestelsels. Utsûnderings op dizze regel binne Barrayar en Cêtaganda, dy't beide in ynterstellêr ryk opboud hawwe, en it anargistyske Jackson's Whole, dat gjin regear hat. Oer it algemien binne oeral fuort by de yn-/útgong (ôfhingjend fan jins perspektyf) fan wjirmgatten romtestasjons oanlein, dy't tagelyk fungearje as oankomst- of ôfreisterminal, dûanepost en militêre basis. Sokke stasjons kinne eigendom wêze fan it oangeande stellêre regear of fan in spesifike kommersjele organisaasje. Teffens komt it foar dat romtestasjons in folslein ûnôfhinklike steatkundige ienheid foarmje, lykas yn it gefal fan 'e Quaddie-Uny en Stasjon Kline, mar dat komt eins inkeld foar as der yn it oangeande stjerrestelsel gjin bewenne (bewenbere) planeet is.
Keunstmjittige-gravitaasjetechnology Yn it ferline beskikten romtestasjons (en romteskippen) net oer swiertekrêft of wekken se in ûnfolsleine foarm derfan op troch it gebrûk fan sintrifugale krêft. Likernôch twahûndert jier foar de berte fan Miles Vorkosigan waard lykwols op Bêta Koloanje in metoade betocht om keunstmjittige swiertekrêft te ûntwikkeljen. Sadwaande hoege yn Miles Vorkosigan syn tiid sels de opfarrenden fan lytse romteskipkes net mear it ûngemak fan it brekme oan swiertekrêft te trochstean. Deselde technology is ek handich om passazjiers te beskermjen tsjin 'e effekten fan hege akseleraasje en ôfremming, wat fierder besparret op 'e tiid dy't men oan reizgjen kwyt is.
Planetêr Ferfier Op it oerflak fan planeten mei in swiertekrêft en in atmosfear dy't ferlykber is mei dy fan 'e Ierde wurde foar reizgjen in ferskaat oan ferfiermiddels brûkt, fan "lichtfleaners" (lightflyers) en "loftauto's" (aircars) foar fiere reizen oant "grûnauto's" (groundcars) foar koarte ôfstannen. Sokke "grûnauto's" hawwe gjin tsjillen, mar in "antygravitaasjekjessen" (anti-gravity cushion), dêr't se op fuortglydzje oer it planeetoerflak, nei't men oannimme mei tige sa't hoovercrafts dat hjoed de dei ek dogge, mar dan fierder fan 'e grûn ôf en sûnder lucht te blazen. "Grûnauto's" lykje fierders net oermjitte fan ús gewoane auto's te ferskillen en komme foar yn alle soarten en maten, fan sportive twasitters oant pânsere limûsines.
Iepenbier ferfier bestiet yn urbanisearre gebieten benammentlik út "bûlwagons" (bubblecars), dy't yndividueel op beskate trajekten ride kinne neffens de troch de (uteraard beteljende) passazjier ynfierde ynformaasje. Foar de oerbrêging fan langere ôfstannen wurde almeast monorails brûkt.
Kompjûtertechnology en Kommunikaasje Yn Miles Vorkosigan syn tiid wurdt papier frijwol net mear brûkt, útsein yn 'e foarm fan papierjild en mooglik wc-papier. Printe boeken binne sûnder útsûndering antyk; papier is djoer en wurdt inkeld noch brûkt foar de alderwichtichste dokuminten (of dokuminten dy't de skriuwer as sadanich beskôget, lykas leafdesbrieven). Om dingen te notearjen of út te printsjen, wurde plestikkene "tintsjes" (flimsies) brûkt.
Twadiminsjonale fideo is blykber folslein ferfongen troch "holofids" (holovids) yn trije diminsjes. Live "holofids" hawwe tillefoanpetearen ferfongen en yn 't foar opnommen "holofids" hawwe brieven en foar in part ek sms-kes en e-mails ferfongen. U.m. lânkaarten en foto-albums besteane út ynteraktive "holofids", dy't opslein binne op in "holokubus" (holocube).
In alternatyf foar fideokommunikaasje is triedleaze audio fia in "komlink" (comm link), mar sokke dingen binne almeast yn gebrûk by de striidkrêften, plysje, geheime tsjinsten en oar befeiligingspersoneel, en binne ynsteld op in beskate frekwinsje. It is dus eins mear in soarte fan walkie-talkie as in tillefoan. Ynterstellêre kommunikaasje fynt plak troch in yn 't foar op in skyfke opnommen boadskip fysyk troch in wjirmgat hinne te bringen en sil navenant djoer wêze.