Pornografy (gauris ferkoarte ta porno) is it eksplisite portrettearjen fan seksuële ûnderwerpen troch it gebrûk fan in breed skala oan media, lykas tekst, tekenings, animaasje, byldhoukeunst, fotografy, lûdsopnamen, film, fideo en fideospultsjes. De term tsjut inkeld op it fêstlizzen fan seksuële dieden, en net op dy seksuële dieden sels. Pornografy moat net betize wurde mei erotyk, wêrmei't it portrettearjen fan seksualiteit as neistribjen fan keunst bedoeld wurdt en dat dêrnjonken ek omtinken skinkt oan gefoelens en emoasjes, wylst it by pornografy poer om 'e fysike dieden draait, mei faak in heech sensaasjegehalte.Gehrke, William J., Erotica is Not Pornography (tech.mit.edu). Sljochtwei neakenfotografy kin allikemin beskôge wurde as pornografy, mei't it miskien wol in seksueel doel tsjinnet, mar der gjin seksuële die as sadanich by fêstlein wurdt.
Pornografy komt foar yn in grut tal ûnderskate foarmen. It wurd "pornografy" is ôfkomstich út it Gryksk, mar krong pas yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw yn 'e measte Westjeropeeske talen troch. It ferskynsel sels bestiet al sûnt minskewitten, sij it dat it pas yn 'e Fiktoriaanske Tiid syn hjoeddeiske foarm krige, foar in grut part ek om't it doe foar it earst as sadanich by de wet ferbean waard. Sûnt de ein fan 'e sechstiger jierren is pornografy yn frijwol alle Westerske lannen legalisearre, al ferskilt de persize byldfoarming en maatskiplike reäksje per lân. Hjoed de dei giet der foar miljarden om yn 'e pornoyndustry, wat dy bedriuwstûke op guon plakken bot ynfloedryk makket. De fersprieding fan pornografy is fan 'e 1990-er jierren ôf revolúsjonearre yn 'e foarm fan ynternetpornografy.
Noch altiten is pornografy in kontroversjeel ûnderwerp, dat ferheftige emoasjes losmakket by sawol foar- as tsjinstanners. Wylst de foarstanners harren beroppe op 'e frije mieningsutering, fine de tsjinstanners dat sy net tsjin harren wil mei obseniteit konfrontearre wurde moatte soene, dat it op grûn fan harren religieuze leauwe "ferkeard" is, en/of dat froulju dertroch objektifisearre en misbrûkt wurde.
Foarmen fan pornografy Yn it foarste plak moat der in ûnderskie makke wurde tusken saneamde "hurde pornografy" (hard porno) en "sêfte pornografy" (soft porno). By sêfte pornografy giet it om simulaasjes fan geslachtsmienskip en wurde de froulike geslachtsdelen wol, mar de manlik net of hast net sjen litten, wylst hurde pornografy ekplisyt penetratyf geslachtsferkear werjout.
Fierders kinne pornografyske sjenres ûnderferdield wurde op grûn fan seksuële oriïntaasje: biseksuële pornografy (bi) heteroseksuële pornografy (straight) homoseksuële pornografy (gay) lesbyske pornografy (lesbian, lesbo) transseksuële pornografy (transexual, trannie; de animearre foarm hjit futanari) op grûn fan seksuële aktiviteit: anale pornografy (anal) faginale pornografy (vag) masturbaasjepornografy orale pornografy (oral) op grûn fan etnisiteit: Arabyske pornografy (Arab) Aziatyske pornografy (Asian) negroïde pornografy (Ebony) Yndiaaske pornografy (Indian) Latynsk-Amerikaanske pornografy (Latino/Latina) ynterrasiale pornografy (interracial) op grûn fan âldens of ferskil fan âldens: lolitapornografy (lolita) milfpornografy (MILF) pornografy mei "ripe" aktrises (mature) teenagerpornografy (teens, teenage, barely legal) op grûn fan hierkleur: pornografy mei blûne aktrises (blondes) pornografy mei brúnhierrige aktrises (brunettes) pornografy mei readhierrige aktrises (readheads) op grûn fan it oantal akteurs/aktrises: groepspornografy orgypornografy (orgy) trio-pornografy (threesome) op grûn fan 'e hoedanichheid fan 'e akteurs/aktrises: alternative pornografy (alt porn; mei as dielnimmers gothics, punkers ensfh.) amateurpornografy (amateur; makke troch net-proffesjonele akteurs) op grûn fan produksjeformat: pornografyske films (mei in, sij it gauris flintertinne, ferhaalline) losse samlings pornografyske sênes (sûnder ferhaalline) gonzopornografy (gonzo; wêrby't de kameraman by de aksje belutsen is) point of view-pornografy (POV; wêrby't de manlike akteur de kameraman is) realitypornografy (reality; wêryn't ornaris in manlike akteur folge wurdt yn syn sabeare deistich libben, dat fansels yn sêne set is) op grûn fan seksueel fetisjisme: bondaazje bdsm foyeuristyske pornografy grutte-boarstesjenre pornografy mei aktrises klaaid yn lateks, lear of rubber pornografy mei aktrises yn unifoarm (dokters, ferpleechsters, leararessen, stewardessen, froulike plysjes, soldates, postrinsters, servearsters, ensfh.) pornografy mei akteurs/aktrises dy't ferklaaid en smynkt binne (bgl. as clowns) pornografy mei kealskearde aktrises (shaved; dit tsjutte oant likernôch 2000 op aktrises dy't harren skamhier ôfskeard hiene, mar dat is sûnt sa'n algemien ferskynsel wurden, dat it tsjintwurdich mear slacht op aktrises dy't harren hollehier ôfskeard hawwe) pornografy mei hierrige akteurs (hirsute) of aktrises (hairy) pornografy rjochte op in fetisj foar in beskaat diel fan it (froulik) lichem (bgl. fuotten, skonken, boarsten, tepels, stuten, ensfh.) pornografy mei gebrûk fan iten (bgl. slachrjemme, sûkelarje, ensfh.) skatologyske pornografy (scat; mei urine en/of ûntlêsting)
De foarmen yn 'e boppesteande opsomming wurde yn prinsipe allegearre mei libbene akteurs/aktrises makke, mar trochdat de technyk almar fierder giet, hoecht dat tsjintwurdich net mear. Animaasje giet hieltyd makliker en it sil nei alle gedachten net lang mear duorje ear't de earste folslein kompjûter-generearre pornofilm produsearre wurdt. Sels no al binne tekene en foar in part animearre pornografyske plaatsjes en bylden, benammentlik fan Japanske makkelei, oeral op it ynternet te finen. Dizze saneamde hentai is der yn alderhanne soarten, wêrûnder ek guon dy't yn wurklikheid net mooglik binne, lykas (de typysk Japanske) tentakelpornografy.
Ta ein beslút binne der dan noch guon yllegale foarmen fan pornografy, as se sa al neamd wurde kinne. Dat binne bernepornografy (wat net sasear pornografy is as wol filme of fotografearre ferkrêftings) en bistepornografy. In pear nau hjirmei besibbe saken binne snuff (opnames fan neispile of echte ferkrêftings folge troch de moard op it slachtoffer), en crush (wêryn't kreaze froulju lytse bistkes lykas mûzen, hamsters of ynsekten deatraapje). Dat alles sil hjir fierders lykwols bûten beskôging litten wurde. Yn dit artikel wurdt mei "pornografy" bedoeld: pornografysk materiaal útslutend makke troch en mei tastimmende folwoeksenen of fia media (tekst, animaasje) dêr't alhiel gjin akteurs oan te pas komme.
Etymology It wurd "pornografy" komt fan it Grykske πορνογραφία (pornografia), dat gearstald is út πόρνη (pornē - "prostituee") of πορνεία (pornea - "prostitúsje") en γράφειν (grafein - "skriuwe" of "fêstlizze". It is net dúdlik wannear't it wurd ûntstien is; it wie yn 'e Frânske foarm, pornographie, al yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw yn gebrûk en kaam yn it Ingelsk yn elts gefal net foàr 1857 foar.
Skiednis
Ofbyldings fan pornografyske aard binne like âld as de minskheid sels. Der binne rotstekenings fan dat soarte út 'e Stientiid weromfûn op 'e wannen fan grotten.Rudgley, Richard, The lost civilizations of the Stone Age. De Alde Griken beskilderen harren ierdewurk mei bgl. ôfbyldings fan prostituees dy't dwaande wiene mei twa klanten tagelyk, of fan soldaten dy't homoseksuële geslachtsmienskip mei-inoar bedreauneKroniek van de Mensheid, s. 62-63., wylst de Ynjers yn 'e tsiende en alfde iuw by Khajuraho in timpelkompleks bouden dêr't it optilt fan 'e pornografyske byldhouwurken.Thomas, Bryn, et al., India, s. 746-749.
It konsept fan pornografy sa't dat hjoed de dei bestiet, is lykwols in produkt fan 'e oerkekene Fiktoriaanske tiid, doe't sokke saken foar it earst by de wet ferbean waarden, wat fansels in ûndergrûnsk sirkwy opsmiet dêr't pornografyske lektuer yn rûngie. De earste wet dy't pornografy as sadanich kriminalisearre, wie de Britske Obscene Publications Act 1857, dy't trouwens fan krêft wie yn Ingelân, Wales en Ierlân, mar net yn Skotlân.Hyde, H. Montgomery, A History of Pornography, s.14. Mar de ferfolging fan pornografy wie yn Ingelân al in iuw earder begûn. De roman Fanny Hill, út 1748, wurdt beskôge as de earste Ingelsktalige pornografyFoxon, Libertine Literature in England, 1660–1745, s. 45. en is ien fan 'e meast juridysk ferfolge en faakst ferbeane boeken fan 'e hiele skiednis. De skriuwer, John Cleland, waard oanklage foar it "korrumpearjen fan 's kenings ûnderdienen".Sutherland, Offensive Literature: Decensorship in Britain, 1960–1982, s. 32.
De Fiktoriaanske moraal wie trouwens in dûbelenien, want foar manlju fan kwizekwânsje en/of heech komôf wie it net ferbean en besjoch pornografy; sokken koene dermei fertroud wurde. By de grutskalige opgravings yn it Italjaanske Pompeii, yn 'e 1860-er jierren, waarden withoefolle dingen fan pornografyske aard opdold — in hiele skok foar de Fiktorianen, dy't harsels as de yntellektuële erfgenamten fan it Romeinske Ryk beskôgen. It losse guod waard fuortstoppe yn it Geheim Museum, te Napels, dêr't inkeld in selekte groep manlju it besichtigje koe. Wat net dêrhinne oerbrocht wurde koe, waard ôfset en bedutsen, sadat froulju, bern en fral de legerein it mar net sjen kinne soene.Beck, Marianna, The Roots of Western Pornography: Victorian Obsessions and Fin-de-Siècle Predilections (www.libidomag.com).
De produksje fan pornografyske films begûn frijwol daliks nei de útfining it medium film yn 1895, ek al wie de produksje, distribúsje en besichtiging derfan al mei gauwens strang ferbean. Pas yn 1969 kaam dêr feroaring yn, doe't Denemark as earste lân pornografy legalisearre. Dat hie fan gefolgen dat der in wiere eksploazje fan Deenske en letter ek Sweedske porno produsearre waard, dy't de ûndergrûnske sirkwys yn 'e rest fan 'e wrâld oerspielde, en wat de Skandinavyske lannen de namme jûn hat in losse seksuële moraal te hawwen. Yn Nederlân waard pornografy pas dekriminalisearre troch de wijziging van artikel 240 van het Wetboek van Strafrecht en van enige andere bepalingen, út 1985 en yngeand yn 1986, al waarden in protte seksshops doe al inkele jierren gedoogd. Sûnt de ein fan 'e jierren njoggentich is de produksje en distribúsje fan pornografy revolúsjonearre troch de opkomst en noch altiten groeiende rol fan it ynternet. Ynternetpornografy is tsjintwurdich sadwaande in rûnombywêzich ferskynsel.
Wetlike status Pornografy hat yn 'e skiednis withoefaak oan sinsuer en wetlike beheinings ûnderwurpen west op grûn fan syn ynherinte obseniteit. Yn 'e Westerske wrâld alteast is dêr sûnt de jierren sechstich feroaring yn kommen fanwegen de ferskowing nei frijere noarmen en wearden dy't it gefolch wiene fan 'e Seksuële Revolúsje. Likegoed ferskilt sawol de wetlike status as it maatskiplike oansjen fan pornografy mar frijwat per lân.
Yn 'e measte lannen fan 'e wrâld is teminsten ienige foarm fan pornografy legaal. Yn guon lannen, mei dêrûnder Nederlân en it grutste part fan 'e rest fan Jeropa, wurdt sêfte pornografy beskôge as ûnskealikernôch om op tillefyzje útstjoerd te wurden, sij it jûns nei in beskaat tiidstip. Hurde pornografy is almeast dreger te besetten en beheind ta ferkeap yn spesjale seksshops (Nederlân is dêrop in útsûndering, yn 'e mande mei guon oare Jeropeeske lannen). Berneporno is fansels oeral útsein yn 'e minst ûntwikkele lannen ferbean, mar ek bistepornografy, wêryn't seksuële omgong tusken minsken en bisten portrettearre wurdt, is yn hieltyd mear lannen ferbean; net om't it obseen wêze soe, mar fan it eachpunt fan bistewolwêzen út. Nederlân ken bgl. sûnt 2010 in wet tsjin bistepornografy. Dêrnjonken binne der soms beheinings oangeande gewelddiedige porno, wêryn't ferkrêftings yn sêne set wurde.