Klaas Hoekstra (Aldehaske, 21 maart 1938 - It Hearrenfean, 25 oktober 2012) wie in Frysk oersetter.

Biografy Hoekstra folge de kweekskoalle op It Hearrenfean en waard skoalmaster, ûnder oare yn Haskerhoarne, Aldskoat en Lúnbert. Hy hie altiten in soad belangstelling foar skiednis, literatuer en skilderkeunst, dat hy mocht ek graach skilderje en muzyk meitsje. Yn 'e rin fan de tiid hie er al in tal teksten oerset en skreau er toanielstikken foar bern. Dêrnei begûn er mei it oersetten fan The Canterbury Tales fan de Ingelske skriuwer Geoffrey Chaucer. It ferheljend dichtwurk giet oer pylgers dy't ûnderweis nei Canterbury inoar ferhalen fertelle. De oersetting kaam 2010 út by Utjouwerij Elikser yn Ljouwert.

Klaas Hoekstra fersoarge earder al, tegearre mei syn soan, foar de oersettingen fan in tal gedichten fan John Brown, dy't ferskynden yn de bondel Dêr’t de ko him deljout / Where the cow lies down, útjûn by de Koperative Utjouwerij yn 2006. Yn 'e bondel steane ek gedichten fan de Fryske dichter Bartle Laverman oer plakken yn Fryslân en Ierlân, mei byldzjend wurk fan Tjibbe Hooghiemstra.

Bibliografy Oersettingen 2006 : Dêr’t de ko him deljout / Where the cow lies down, Bartle Laverman en John Brown 2010 : De Canterbury Ferhalen, nei Geoffrey Chaucer

Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk muzikant Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Persoan berne yn Aldehaske Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1938 Kategory:Persoan stoarn yn 2012