Jalta (Oekraynsk en Russysk: Ялта; Krimtataarsk: Yalta; Armeensk: Յալտա) is in stêd yn de Krimrepublyk op de Krim, yn it suden fan de Oekraïne. De stêd op de noardkust fan de Swarte See is fral ferneamd fan de Konferinsje fan Jalta yn febrewaris 1945. It is in kueroarde en baaiplak dat fanâlds in protte minsken lûkt.
De stêd leit op it plak fan in âlde Grykske koloanje, dy't stifte wêze soe troch Grykske seelju dy't in feilich plak sochten (γιαλός – yalos yn 't Gryksk) om oan de wâl te gean. It plak wurdt omjûn troch boskige bergen en hat in waarm, fochtich, subtropysk klimaat mei wyngerts en hôven yn de omkriten.
De gemeente Jalta is lyk oan de stedsrayon Jalta.
Berne yn Jalta Val Lewton (7 maaie 1904), filmprodusint Elena Kolpachikova (17 febrewaris 1971), aktrise Joelja Vakoelenko (10 july 1983), proftennisster
Keppeling om utens
Kategory:Plak op de Krim Kategory:Plak stifte yn de 12e iuw