Sikorsky S-38 275px Rol Amfibyfleantúch, passazjiersfleantúch Makker Sikorsky Untwerper Igor Sikorsky Earste flecht 25 maaie 1928 Yn tsjinst Oktober 1928 Ut tsjinst Tal makke 101 (1928 - 1933) Brûkers Pan American Airways, partikulieren

De Sikorsky S-38 is in amfibyske fleanmasine, dat wol sizze dat it sawol op wetter as op it lân opstige en lânje kin. De S-38 is in dûbeldekker mei twa motors en wie it earste súkses fan Igor Sikorsky syn bedriuw yn de Feriene Steaten.

Skiednis Maaie 1928 sette it bedriuw út ein mei de produksje fan it nije type tastel yn Stratford, Konnetikut. July fan dat jier rôle de earste S-38 fan de bân. It tastel hie twa Pratt & Whitney-motors fan elk 298 kW (400 hk). It hie in bemanning fan twa en der koenen acht as njoggen passazjiers mei bagaazje mei.

De stiigfaasje wie 750 foet de minút oant in maksimum hichte fan 16.000 foet en de heechste snelheid wie 192 kilometer de oere. It maksimale fleanberik wie 750 mijl en it heechste gewicht 4764 kg. De fleanmasine koe op ien motor fleane wat doe net gewoan wie foar in amfibyske fleanmasine. It tastel foldie bêst en fleach by partikulieren, bedriuwen en de oerheid. Der waarden sa'n 100 fan makke, yn ferskillende útfierings. Der binne no noch twa S-38's oer; ien is te sjen yn de film The Aviator (de N28V, in replika), hoewol't dat histoarysk net korrekt is.

Spesifikaasjes

Sikorsky S-38A Feiten Langte: 12,27 m Feugelspanwiidte: 21,85 m Fleugeloerflak: 68,6 m² Hichte: 4,22 m Motor: 2x Pratt & Whitney R-1340 Wasp stjermotors fan 298 kW (400 hk) it stik Maks. faasje: 192 km/o Fleanberik: 1200 km Bemanning: twa, 10 passazjiers Tsjinstplafond: 4878 m Leechgewicht: 2727 kg Fleangewicht: 4764 kg

Ferneamde eigners/fleanders In tal ferneamde lju, meast yn de FS, om't it bedriuw dêr festige wie, hawwe mei dit tastel flein, ûnder oaren: Charles Lindbergh. Hy fleach der mei oer Súd-Amearika en de Stille Oseaan foar de loftfeartmaatskippij Pan Am. Howard Hughes. Hy besoch mei in S-38 de wrâld om te fleanen. Herbert Johnson. Hy brûkte it type om yn Súd-Amearika nei in beskate soarte waaksbeam te sykjen. In replika fan syn masine bestiet noch en kin noch fleane. Frits Wissel, Nederlânsk marinepiloat dy't yn 1936 út in S-38 wei Sikorsky in marrekompleks yn Nederlânsk Nij-Guinea ûntduts dat letter nei him ferneamd waard: de Wisselmarren.

Besibbe ûtwerpen Keystone-Loening Commuter Keystone–Loening Air Yacht Grumman Widgeon Grumman Goose Piaggio P.136

Keppelings om utens Sikorskyargyf S-38

Kategory:Fleanboat Kategory:Amerikaanske ferkearsfleanmasine Kategory:Amerikaanske wetterfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1928