Foarfallen 1668 - De Frede van Aken wurdt tekene, it ferdrach wiist inkele gebieten yn de Súdlike Nederlannen, wêrûnder de stêden Doornik en Rijsel ta oan Frankryk. 1747 - De Republyk krijt foar it earst ien mienskiplike steedhâlder, Willem IV. 1803 - De Feriene Steaten keapje Louisiana en New Orleans fan Frankryk foar 60 miljoen Frânske franken. 1986 - De radioaktive wolk fan de Tsjernobyl-ramp op 26 april 1986 komt Belgje en Nederlân binnen. 2011 - De lieder fan de terreurorganisaasje Al Kaida, Osama bin Laden, wurdt troch Amerikaanske militêren delsketten by syn fersterkte filla yn Abbottabad, yn it noarden fan Pakistan.
Berne 1458 - Eleönoara fan Viseu, keninginne-gemalinne fan Portegal († 1525) 1649 - Engel de Ruyter, Nederlânsk admiraal († 1683) 1660 - Alessandro Scarlatti, Italjaansk komponist († 1725) 1729 - keizerinne Katarina de Grutte fan Ruslân († 1796) 1839 - Stefan Vermaes, Frysk yngenieur († 1902) 1859 - Jerome K. Jerome, Ingelsk skriuwer († 1927) 1903 - Benjamin Spock, Amerikaansk (berne)dokter, opfiedkundige en roeier († 1998) 1904 - Bruno Bianchi, Italjaansk siler († 1988) 1912 - Marten Toonder, Nederlânsk striptekener en -auteur († 2005) 1920 - Hayte Schootstra, Frysk rjochter († 1990) 1923 - Anton Dreesmann, Nederlânsk ûndernimmer († 2000) 1924 - Jan Pelleboer, Nederlânsk waarman († 1992) 1931 - Theo Sontrop, Nederlânsk dichter, letterkundige en útjouwer († 2017) 1945 - Sis van Rossem, Nederlânsk keunsthistoarikus († 2022) 1946 - Lesley Gore, Amerikaansk sjongster en aktrise († 2015) 1947 - Alfons Dölle, Nederlânsk rjochtsgelearde en kollumnist († 2012) 1948 - Jelle Kaspersma, Frysk dichter en ûnderwizer († 2019) 1961 - Hein Vergeer, Nederlânsk hurdrider 1972 - Dwayne Johnson ("The Rock"), Amerikaansk akteur en showwrakseler 1973 - Richard Schuil, Frysk follyballer 1975 - David Beckham, Ingelsk fuotballer 1983 - Tina Maze, Sloveensk skyster 1989 - Sallie Harmsen, Nederlânsk aktrise
Ferstoarn 1519 - Leonardo da Vinci, Italjaansk keunstner, arsjitekt, útfiner, filosoof, dichter en wittenskipper (* 1452) 1627 - Lodovico Grossi da Viadana, Italjaansk komponist en muonts (* ±1560) 1685 - Adriaen fan Ostade, Nederlânsk keunstskilder (* 1610) 1857 - Alfred de Musset, Frânsk dichter (* 1810) 1876 - Lieuwe Annes Buma, Frysk letterkundige, keunstsamler en filantroop (* 1796) 1892 - Hermann Burmeister, Dútsk-Argentynsk ûndekkingsreizger en biolooch (* 1807) 1900 - Johan Barger, Nederlânsk dûmny en moardner (* 1853) 1914 - John Campbell, 9e hartoch fan Argyll, Skotsk ealman en politikus (* 1845) 1945 - Martin Bormann, Dútsk politikus en oarlochsmisdiediger (* 1900) 1956 - Thure Sjöstedt, Sweedsk wrakselder (* 1903) 1968 - Francis Frederick, Amerikaansk roeier (* 1907) 1983 - Marius Duintjer, Nederlânsk arsjitekt (* 1908) 2005 - Marten Sikkema (Govert Gezelle Meerburg), Frysk skriuwer, dichter en oersetter (* 1918) 2009 - Marilyn French, Amerikaansk skriuwster en feministe (* 1929) 2011 - Osama bin Laden, Saûdysk terrorist (* 1957) 2018 - Herman Krebbers, Nederlânsk fioelist en muzykpedagooch. (* 1923) 2024 - Sjoukje Dijkstra, Frysk keunstrydster (* 1942)
Kategory:Datum 02