Foarfallen 1840 - Yn it Feriene Keninkryk en Ierlân ferskine de earste postsegels fan de wrâld. 1889 - Offisjele iepening fan de Eiffeltoer. 1937 - de ramp mei it loftskip de Hindenburg. 1941 - Vjatsjeslav Molotov wurdt as foarsitter fan de Rie fan Folkskommissarissen (premier) fan de Sovjet-Uny ferfongen troch Jozef Stalin. 1945 - Dútslân ûndertekent de kapitulaasje yn Nederlân. 1955 - De Dútske Bûnsrepublyk wurdt lid fan de NAVO. 1970 - Feyenoord wint as earste Nederlânske fuotbalklub de Europa Cup I. 1987 - De Frysktalige punkband Strawelte jout syn earste optreden. 1994 - De Frânske presidint François Mitterrand en Britske keninginne Elizabeth II iepenje offisjeel de kanaaltunnel tusken Frankryk en Ingelân. 2002 - De Nederlânske populistyske politikus Pim Fortuyn wurdt yn Hilversum fermoarde troch Volkert van der Geest. 2007 - Nicolas Sarkozy is keazen as presidint fan Frankryk, mei 53 % fan de stimmen wûn er it fan Ségolène Royal.

Berne 1405 - Skanderbeg, Albaneesk opstanneling († 1468) 1758 - Maximilien de Robespierre, Frânsk revolúsjonêr en politikus († 1794) 1824 - Tsjibbe Gearts van der Meulen, Frysk skriuwer en sjoernalist († 1906) 1856 - Sigmund Freud, Eastenryksk psycholooch en psychiater († 1939) 1859 - Willem Kloos, Nederlânsk dichter († 1938) 1868 - tsaar Nikolaas II fan Ruslân († 1918) 1872 - Willem de Sitter, Frysk wiskundige, astronoom en natuerkundige († 1934) 1884 - Anne Veenbaas, feearts († 1939) 1885 - Herman Wirth, Nederlânsk-Dútsk filolooch, histoarikus en musikolooch († 1981) 1904 - Renzo Minoli, Italjaansk skermer († 1965) 1912 - Ellen Müller-Preis, Eastenryksk-Dútsk skermster († 2007) 1915 - Sjoerdtsje Faber, Frysk langeôfstânshurdrydster († 1998) 1923 - Josep Seguer, Spaansk fuotballer († 2014) 1933 - Rudi Falkenhagen, Nederlânsk akteur († 2005) 1944 - Riemkje Pitstra, Frysk skriuwster en pedagooch 1945 - Bob Seger, Amerikaansk sjonger 1947 - Alan Dale, Nijseelânsk akteur 1952 - Gerrit Zalm, Nederlânsk politikus en bankier 1953 - Tony Blair, premier fan it Feriene Keninkryk 1960 - Jean-Guy Talamoni, Korsikaansk nasjonalist 1961 - Frans Timmeremans, Nederlânsk politikus 1971 - Chris Shiflett, Amerikaansk gitarist 1979 - Eva Karera, Waalsk pornoaktrise 1992 - Victoria June, Amerikaansk pornoaktrise

Ferstoarn 988 - greve Durk II fan Hollân (* 932) 1583 - Zacharias Ursinus, Dútsk teolooch (* 1534) 1638 - Cornelius Jansenius, Flaamsk biskop en teolooch (* 1585) 1793 - Jean-Michel Huon de Kermadec, Bretonsk ûntdekkingsreizger (* 1748) 1877 - Johan Ludvig Runeberg, Finsk skriuwer (* 1804) 1910 - kening Edwert VII fan it Feriene Keninkryk (* 1853) 1924 - Carel Steven Adama van Scheltema, Nederlânsk dichter (* 1877) 1950 - Clarence Addison Dykstra, Amerikaansk heechlearaar, politikus en ûnderwiisbestjoerder (* 1883) 1952 - Maria Montessori, Italjaansk ûnderwiiskundige (* 1870) 1961 - Pieter Boeles, Nederlânsk jurist en skiedkundige (* 1873) 1966 - Janke Spanninga-Posthuma, Frysk skriuwster en modiste (* 1882) 1968 - Hindrik Kloosterman, Frysk wiskundige (* 1900) 1975 - Ludolf Rasterhoff, Frysk fersetsman en boargemaster (* 1905) 1978 - Piet Muijselaar, Nederlânsk revu-artyst en komyk (* 1899) 1985 - Pete Desjardins, Amerikaansk keunstdûker (* 1907) 1992 - Roelofje Akkerman-Huisman, Aldste persoan fan Fryslân (* 1884) 1992 - Marlene Dietrich, Dútsk-Amerikaansk aktrise en sjongster (* 1901) 2001 - René Bondoux, Frânsk skermer (* 1905) 2002 - Pim Fortuyn, Nederlânsk politikus (* 1948) 2002 - Sem Dresden, Nederlânsk literatuerwittenskipper (* 1914) 2002 - Meinte Walta, Frysk byldzjend keunstner (* 1920) 2014 - Willem Albeda, Nederlânsk politikus (* 1925)

Kategory:Datum 06