Foarfallen 1824 - Ludwig van Beethoven dirigearret, hoewol dôf, de earste útfiering fan syn Njoggende Symfony. 1832 - Grikelân makket him ûnôfhinklik fan it Osmaanske Ryk. 1877 - Yn súdlik Montana fynt de Slach by Little Muddy Creek plak. Dizze skermutseling is de lêste wapene konfrontaasje fan 'e Grutte Sû-Oarloch fan 1876. 1945 - Dútslân ûndertekent de kapitulaasje dy't in ein makket oan 'e Twadde Wrâldoarloch; dizze oerjefte giet in dei letter yn. 1946 - De Nederlânske kollaborateur Anton Mussert, foaroanman fan 'e NSB, wurdt op 'e Waalsdorperflakte eksekutearre. 1950 - SC It Hearrenfean bûcht yn 'e lêste healoere fan 'e wedstriid tsjin AFC Ajax in 1-5 efterstân om yn in 6-5 oerwinning. 1992 - Bulgarije wurdt lid fan 'e Ried fan Jeropa. 1998 - It Amerikaanske kompjûterbedriuw Apple presintearret de earste iMac.
Berne 1833 - Johannes Brahms, Dútsk komponist en pianist († 1897) 1872 - Peder Østlund, Noars reedrider († 1939) 1882 - Willem Elsschot, Flaamsk skriuwer († 1960) 1892 - Josip Broz Tito, presidint fan Joegoslaavje († 1980) 1909 - Lútzen Dijkstra, Frysk hurdrider († 1964) 1926 - Jeen Nauta, Frysk maratonrider († 1986) 1932 - Hans Boskamp, Nederlânsk fuotballer en akteur († 2011) 1939 - Ruud Lubbers, premier fan Nederlân († 2018) 1943 - Jitse Sikkema, Frysk byldzjend keunstner 1959 - Mick LaSalle, Amerikaansk filmkritikus 1968 - Traci Lords, Amerikaansk pornoaktrise 1968 - Kai Nobel, Sweedsk pornoaktrise 1972 - Barbara Doll, Frânsk pornoaktrise († 2023) 1976 - Youssef Idilbi, Frysk akteur († 2008) 1986 - Jacob Zaagemans, Frysk keatser 1987 - Anissa Kate, Frânsk pornoaktrise 1994 - Skyla Novea, Amerikaansk pornoaktrise
Ferstoarn 1166 - kening Willem I fan Sisylje (* 1120) 1617 - David Fabricius, East-Frysk teolooch, amateurastronoom en kartograaf (* 1564) 1827 - Tjeerd Andringa, Frysk keunstskilder (* 1806) 1877 - Kreupel Hart (Lame Deer), opperhaad fan 'e Lakota (* 18??) 1880 - Gustave Flaubert, Frânsk skriuwer (* 1821) 1922 - Marcus van Heloma, Frysk rjochter en bestjoerder (* 1847) 1940 - Cornelia baronesse de Vos van Steenwijk, Nederlânsk filantrope (* 1854) 1954 - Geart Aeilco Wumkes, Frysk predikant en bibeloersetter (* 1869) 1986 - Alfredo Pezzana, Italjaansk skermer (* 1893) 1996 - Piet Worm, Nederlânsk keunstner (* 1909) 2001 - Joseph Greenberg, Amerikaansk taalkundige (* 1915) 2003 - Klaas Boot jr., Nederlânsk turner (* 1927) 2010 - Noor van de Wetering, Frysk politika (* 1920) 2011 - Gunter Sachs, Dútsk-Switsersk fotograaf (* 1932) 2012 - Renze de Vries, Nederlânsk sportbestjoerder (* 1930) 2016 - Anne van den Ban, Frysk lânboukundige en heechlearaar (* 1928) 2021 - Angelica Bella, Hongaarsk pornoaktrise (* 1968) 2021 - Tawny Kitaen, Amerikaansk aktrise en presintatrise (* 1961)
Kategory:Datum 07