thumb|Betsy Perk thumb|Grêf fan Betsy Perk, Rustoord Christina Elizabeth (Betsy) Perk (Delft, 26 maart 1833 - Nimwegen, 30 maart 1906), wie in Nederlânske skriuwster fan romans en toanielstikken. Teffens is hja bekend as pionierster fan de fjouljusbeweging.
Yn 1869 stichte hja it wykblêd foar froulju Ons Streven en in 1871 de Algemeene Nederlandsche Vrouwenvereeniging 'Arbeid Adelt''' mei it tydskrift Onze Roeping. Yn letter jierren waard har ynfloed lytser en har aktivisme ek, mei fanwege har swakke sûnens, en lei sy har fral ta op it skriuwen fan histoaryske romans. Fan 1880 oant 1890 wenne hja yn België. Sy kaam te hôf op 'Rustoord' yn Nimwegen.
Famylje Se wie lid fan de famylje Perk, suster fan ds. Marie Adrien Perk en muoike fan de dichter Jacques Perk, oer wa't hja yn 1902 in boek skreaun hat.
Wurk (kar-út)Een kruis met rozen, 1864 Mijn ezeltje en ik. Een boek voor vriend en vijand, 1874 De sterren liegen niet!, 1875 Elisabeth de Jonkvrouw van 't kasteel te Valkenburg, 1878 Valse schaamte, 1880 Mejonkvrouw de Laval onder de keizers Alexander I en Nikolaas van Rusland, 1883 De laatste der Bourgondiërs in Gent en Brugge 1477-1481, 1885 Yline, prinses Daschkoff-Worenzoff. Uit de geschiedenis van Rusland, in de laatste helft der vorige eeuw, 1885 Een recruut op Corsica onder luitenant Napoleon Bonaparte, 1887 De wees van Averilo, 1888 Kijkjes in België, 1888 In het paleis der Bourgondiërs te Brussel, 1889 Kapitein Flahol, 1890 Een moederhart, 1896
Keppeling om utens Fia Dieteren, 'Perk, Christina Elizabeth (1833-1906)', yn: Biografisch Woordenboek van Nederland 4 (1994)
kategory:Nederlânsk sjoernalist kategory:Nederlânsk romanskriuwer kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk sosjaal aktivist Kategory:Nederlânsk polityk aktivist Kategory:Frouljusrjochte-aktivist kategory:Nederlânsk feminist Kategory:Persoan berne yn 1833 Kategory:Persoan stoarn yn 1906