thumb|Karl Brandt Karl Brandt (Mülhausen (no Mulhouse), 8 jannewaris 1904 - Landsberg am Lech, 2 juny 1948) wie in Dútske dokter en oarlochsmisdiediger.
Brandt wie de liifdokter fan Adolf Hitler en fan 1939 ôf it haad fan it T-4-eutanasyprogramma fan de nazi's. Hy wie ek rykskommissaris foar sûnens en sûnenssoarch.
De 'genededea - neamden de politike foaroanmannen fan it Tredde Ryk de likwidearring fan neffens harren 'ynferieure minsken': geastlik- en lichaamlik beheinden, blinen en dôven, 'doarpsgekken' én bern.
Dat koe fansels net sûnder it struktuerearre grutskalich meidwaan fan tal fan wittenskippers en dokters. Fan desimber 1946 oant augustus 1947 kamen dan ek 23 nazidokters foar de rjochter yn Neurenberg. As eardere Rykskommissaris, SS-Gruppenführer en Generalleutnant der Waffen-SS wie er de heechste yn rang fan de oanklage persoanen yn it ramt fan de neurenberger artseprosessen.
Op 19 augustus 1947 waard er skuldich ferklearre oan in ferskaat fan oarlochsmisdieden, ûnder oaren massamoard. Hy waard 2 juny 1948 yn de finzenis fan Landsberg ophongen. Brandt waard 44 jier.
Sjoch ek Eutanasysintrum Hartheim
Kategory:Dútsk dokter Kategory:Dútsk ofsier Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Lid fan de NSDAP Kategory:Lid fan de SA Kategory:Lid fan de SS Kategory:Lid fan de Waffen-SS Kategory:Dielnimmer oan de Holokaust Kategory:Dielnimmer oan de Porajmos Kategory:Dútsk krimineel Kategory:Persoan feroardiele foar oarlochsmisdieden Kategory:Persoan dy't ta de dea feroardiele is Kategory:Dútsk faksist Kategory:Elzassysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1948