Hendrik Johannes Haverman (Amsterdam, 23 oktober 1857 - De Haach, 11 augustus 1928) wie in Nederlâns keunstskilder.

Wurkpaad Hendrik Haverman studearre oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten yn Amsterdam en oan de keunstakademys fan Antwerpen en Brussel. Hy wie in learling fan August Allebé en Hendrik Valkenburg. Hy arbeide ûnder oaren yn Amsterdam, Diepenveen en De Haach. Haverman wie learmaster fan Edmée Broers, Margaretha Josephine Elisabeth Franco-Cohen Gosschalk, Maria Adeline Alice Schweistal en Pauline Suij. Haverman syn oeuvre wie breed: hy skilderde ûnder mear portretten, lânskippen en stedsgesichten.

Yn de lêste troch Nicolaas Beets korrigeare druk fan de Camera Obscura út 1901 is in portret fan de skriuwer opnaam, makke troch Hendrik Haverman.

Haverman wie ek keunstkritikus en skreau ferskate artikels yn De Gids.Digitale bibliotheek voor de Nederlandse letteren

Yn 1918 wie der in earetentoanstelling fan wurk fan Hendrik Haverman yn de sealen fan it genoatskip Pulchri Studio yn De Haach. Yn febrewaris 2008 iepene yn Pygmalion Beeldende Kunst te Maarssen de útstalling De Tachtiger-schilder H.J. Haverman (1857-1928) & tijdgenoten, de earste tentoanstelling nei syn ferstjerren, tachtich jier lyn.

Bibliografy Versteegh, Jaap De Tachtiger-schilder H.J. Haverman (1857-1928) yn: Kunst & Antiekjournaal, maart 2008. Vervoorn, A. J. De grafiek van H. J.Haverman yn: Antiek 21 (1986/1987) Boer, H.de H.J. Haverman yn: Elsevier's Geïllustreerd Maandschrift 28 (1918) Veth, J. Hollandsche teekenaars van dezen tijd Rotterdam, (1905) Marius, G.H. H.J. Haverman yn: Onze Kunst 1 (1902) Meester, J. de H.J.Haverman yn: Elsevier's Geïllustreerd Maandschrift 8 (1898)

Keppeling om utens

Kategory:Nederlânsk keunstkritikus Kategory:Nederlânsk keunstskilder Kategory:Persoan berne yn 1857 Kategory:Persoan stoarn yn 1928