| thumb|right|Juan Gris: Portret fan Picasso, 1912 |- | thumb|right|Juan Gris, Zonwereing, 1914 kubisme
| thumb|right|Franz Marc, ekspresjonisme
Moderne keunst is de term dy't yn it generaal brûkt wurdt foar de avant-gardistyske artistike úterings fan begjin 20e iuw ôf oant likernôch de jierren sechtich fan dy iuw. Wichtige streamingen yn de moderne keunst wienen kubisme, futurisme, dadaïsme en surrealisme. In algemien skaaimerk fan de moderne keunst is de driuw om te eksperimintearjen en it skeppen fan in gruttere ôfstân tusken it keunstwurk en de werklikheid, bygelyks troch fierhinne abstrakt te wêzen of de klam op it keunstwurk as idee.
De keunst dy't sûnt de jierren sechtich makke wurdt, wurdt meast oantsjut mei hjoeddeiske keunst. Keunst fan jonge keunstners dêr't gâns wat fan ferwachte wurdt of noch net festige keunstners wurdt aktuele keunst neamd. Ferskate museums oer de hiele wrâld wurdt de moderne skilderkeunst en byldhoukeunst útstald.
Abstrakte keunst is in rjochting yn de moderne keunst dy't net besiket om objekten út de natuerlike wrâld sekuer wer te jaan. Foarmen en kleuren ferwize net nei wat oarst troch it yn detail ôf te byldzjen, mar wolle eat sizze troch harren yntensivens en kontrast.
Rjochtingen yn de moderne keunst Skilderstilen dy't by de moderne keunst rekkene wurde binne:
Ympresjonisme 1885 – 1920 Ekspresjonisme 1905 – 1940 Fauvisme of Les Fauves 1898 - 1908 Kubisme 1906 - 1920 Dadaïsme 1920 Abstrakte keunst 1920 Suprematisme 1915 - 1930 Surrealisme1930 Presisjonisme 1920 - 1940 Cobra 1948 Abstrakt ekspresjonisme 1946 - 1960 Futurisme 1909 - 1914 Spatialisme Sosjaal-realisme Popart - Hyperrealisme 1960 Happening 1960 Fluxus 1962 Performance 1970 Fideokeunst 1963 Plastisisme Visco-art
Ferneamde keunstners fan de Moderne keunst Ympresjonisme 1860 - 1880 (de pioniers) Vincent van Gogh Paul Cézanne Edgar Degas Claude Monet Pierre-Auguste Renoir Georges Seurat Paul Gauguin Edouard Manet Paul Signac
Fauvisme of Les Fauves 1898-1908 Henri Matisse Albert Marquet en Georges Braque Kees van Dongen
Ekspresjonisme 1905 - 1940 Georges Gimel Paula Modersohn-Becker Edvard Munch Wassily Kandinsky Egon Schiele Francis Bacon Paul Klee
Kubisme 1906 - 1920 Pablo Picasso Juan Gris Fernand Léger Robert Delaunay en Sonia Delaunay Roger de la Fresnaye Albert Gleizes Auguste Herbin André Lhôte Louis Marcoussis Jean Metzinger
Abstrakte keunst 1920 Piet Mondriaan Theo van Doesburg Willem de Kooning
Surrealisme 1930 Salvador Dalí Joan Miró René Magritte Carel Willink Paul Delvaux
Kobra 1948 Nederlânske Kobra skilders: Karel Appel Corneille Constant Jan Nieuwenhuys
Foarmjouwing Gerrit Rietveld arsjitekt en meubelûntwerper
Kategory:Byldzjende keunst Kategory:Moderne keunst Kategory:Skilderstyl