thumb|Moretz, 2010 Chloë Grace Moretz (Atlanta, 10 febrewaris 1997) is in Amerikaanske jeugdaktrise dy't ûnder oaren yn 'e film Let Me In de rôl fan 'Abby' spile. Se wûn yn 2012 de People's Choice Award foar Favorite Movie Star Under 25. Dêrneist wûn se yn 2011 sawol in Empire Award foar bêste nijkommer (foar Kick-Ass en Let Me In) as in Saturn Award foar Let Me In en in Young Artist Award yn sawol 2011 (foar Diary of a Wimpy Kid) as 2012 (foar Hugo).
Biografy Chloë Moretz is hikke yn Atlanta, de haadstêd fan de Amerikaanke steat Georgia, en tein yn Cartersville yn de Bartow County. Heit, McCoy Lee Mortez, is plastysk sjirurch en mem, Teri Duke Moretz, is ferpleechkundige. Moretz hat fjouwer bruorren Brandon, Trevor, Colin en Ethan.
Doe't har broer Trevor Duke Moretz mei aktearjen út ein sette, krige Moretz ek niget oan yn aktearjen. Mortetz spile har earste rôl yn de telefyzjesearje The Guardian. Har debút as filmaktrise wie yn 2005 mei de rol fan 'Molly' yn Heart of the Beholder en hja die ek mei yn de horrorfilm The Amityville Horror. In jier hie hja in rôl yn de komeedzje Big Momma's House 2.
Op telefyzje hat se ûnderwilens noch inkelde gastrôllen. Sy wie te sjen yn ôfleveringen fan My Name Is Earl en Desperate Housewives.
Yn 2010 hat Moretz mei har rôl as 'Hit Girl' yn de aksjefilm Kick-Ass in ynternasjonaal súkses. Yn 2011 spile Chloë Moretz 'Isabelle' yn 'e film Hugo. Moretz hat ek in protte niget oan moade.Chloë Moretz Fansite - Journal
Filmografy Jier Film Rol Status 2005 Heart of the Beholder Molly 2005 The Family Plan Jonge Charlie TV 2005 The Amityville Horror Chelsea Lutz 2005 Today You Die Famke yn sikehûs 2006 Big Momma's House Carrie 2006 Room 6 Melissa Norman 2006 Wicked Little Thinks Emma Tunny 2007 The Cure Emily TV2007 The Third Nail Hailey 2007 Hallowed Ground Sabrina 2007 My Friends Tigger & Pooh: Super Sleuth Christmas Movie Darby lûd2008 The Eye Alicia 2008 The Poker House Cammie 2008 Bolt Jonge Penny lûd2009 Tigger and Pooh and A Musical Too Darby lûd2009 Not Forgotten Toby Bishop 2009 (500) Days of Summer Rachel Hansen 2010 Diary of a Wimpy Kid Angie 2010 Kick-Ass Mindy Macready / Hit-Girl 2010 Jack and the Beanstalk Jillian 2010 Let Me In Abby 2011 Hugo Isabelle 2012 Dark Shadows Carolyn Stoddard 2013 Kick-Ass 2 Carolyn Stoddard 2014 The Equalizer Alina / Teri 2016 The 5th Wave Cassie Sullivan
Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk feminist Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Welsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1997