Jan Stroosma (Ljouwert, 16 novimber 1928 - dêre, 1983) wie in Frysk grafikus, byldhouwer, fotograaf en keunstskilder
Libben en wurk Jan Stroosma wenne en arbeide oant 1956 yn syn bertestêd, dêr't er begjin jierren '50 syn earste atelier op it adres Zuidvliet 261 hie. Fan 1957 oant 1961 hâlde er ta yn Amsterdam dêr't er studearre oan de Ryksakademy fan Byldzjende Keunsten. Dêrnei wenne en wurke er yn Ljouwert, dêr't er 1962 yn in atelier luts oan de Kruisstraat 25, dat er oant syn hommels ferstjerren yn 1983 brûkt hat.
Om troch de tiid te kommen, joech Stroosma les oan de keunstakademys Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert en letter ek oan Akademy Minerva te Grins. Dêrmei kocht er, sa't er sels sei, in part fan syn frijheid.
Museums It Frysk Skipfeart Museum hat twa etsen en in houtskoaltekening fan Skûtsjes fan Jan Stroosma.
Literatuer , Jan Stroosma zag Leeuwarden. Gemeente-argyf, Ljouwert, 1991
Keppelings om utens Biografy Noch in biografy
Kategory:Frysk keunstskilder Kategory:Frysk grafikus Kategory:Frysk byldhouwer Kategory:Frysk fotograaf Kategory:Persoan berne yn Ljouwert Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1928 Kategory:Persoan stoarn yn 1983