De Efteling is in attraksjepark yn de Nederlânske provinsje Noard-Brabân, dat leit yn Kaatsheuvel, tusken Tilburch en Waalwyk yn. It hat in fantasytema, dêr't eleminten yn opnommen binne fan âlde myten en leginden, mearkes, fabels en folkloare. Dêropta binne der ek generike attraksjes lykas ferskate achtbanen. De Efteling waard yn 1952 iepene en wie yn it earstoan in natoerpark mei in mearkestún ornearre foar lytse bern. Yn 'e rin fan de tiid is it in alsidich park wurden mei attraksjes foar sawol bern as folwoeksenen. Jiers komme der omtrint 51/2 miljoen besikers op de Efteling ôf. Wat dat oangiet, is it it grutste ferdivedaasjepark fan Nederlân en it op twa nei grutste fan Europa, nei Disneyland Parys en Europa-Park yn Dútslân.<ref>[http://www.teaconnect.org/images/files/328_381804_190528.pdf Global Attractions Attendance Report 2018] fan de teaconnect.org webside (PDF, Ingelsk).</ref>
Skiednis De woartels fan it hjoeddeiske park lizze yn 1935, doe't it "R.K. Sport- en Wandelpark" op 19 maaie iepene waard. De plannen om in sportterrein oan te lizzen ûntstiene yn 1933 en waarden inisjearre troch pastoar De Klijn en kapelaan Rietra. Dit plan is letter útwreide mei in boarterstún en teehûs.
De tentoanstelling "De Schoen '49" yn 1949 wie de oanset ta útwreiding fan it park en der waarden dêrta grutte stikken grûn oankocht. De tagongspoarte foar de tentoanstelling soe noch lang yn gebrûk bliuwe as yngong fan earst it sportpark, en letter de Efteling sels.
Yn 1950 waard de "Stichting Natuurpark de Efteling" oprjochte troch de doetiidske boargemaster fan Loon op Zand, Reinier van der Heijden, tegearre mei de sinast Peter Reijnders en Anton Pieck. Reden foar de oprjochting wie dat de pleatslike ekonomy te bot ôfhinklik wie fan de skuon- en learyndustry. It doel fan de stifting wie: "de lichaamlike ûntwikkeling en ûntspanning fan de ynwenners fan de gemeente Loon op Zand en de befoardering fan it toerisme nei en binnen de gemeente, ien en oar yn katolike geast". Reijnders wie benadere foar de technysk kreative ynfolling. Hy wist Anton Pieck te strikken foar it ûntwerpen fan it Mearkesbosk. Oarspronklik kaam Betty van der Heijden-Perquin, de frou fan oprjochter Reinier van der Heijden, mei it idee fan in mearkestún, lykas de tydlike Mearkestún yn Eindhoven, dy't oanlein wie troch Philips.
Binnen in tiidsbestek fan twa jier waarden de earste tsien mearkes yn it Mearkesbosk realisearre. Stadichoan wie it park ek al yn de jierren fyftich begûn mei it iepenjen fan oare attraksjes. Op 11 maaie 1956 iepene de Efteling de "Stoomcarrousel", de earste grutte attraksje bûten it Mearkesbosk. In oare nijichheid wie yn 1959 "Holle Bolle Gijs": in jiskefet yn de foarm fan in mearkefiguer, dy't hjir hieltyd "Papier! Papier hier!" seit en nei it deponearjen fan rommel "Dankuwel!". Yn it hiele park binne sa 'n tolve Holle Bolle Gijzen te finen. Alline "Inca Gijs" út 1984 is hjoed de dei net mear yn gebrûk om't der in flater makke is yn it ûntwurp wêrtroch't rommel yn syn strôt hingjen bliuwt. Eftepedia, Inca Gijs Riedplachte op 4-7-2024
Ien fan de wichtichste persoanen yn de Efteling-skiednis wie ûntwerper Anton Pieck, dy't fan de iepening ôf oant midden jierren santich foar it park wurke. It mearke fan 'e wolf en de sân geitsjes wie it lêste ûntwerp fan syn hân. Hy waard as haadûntwerper opfolge troch Ton van de Ven. Fan de Fen wurke sûnt 1965 by de Efteling en syn wurk behaage Pieck. Syn oanstelling yn 1974 as kreatyf direkteur soe it begjin fan in omslach yn it park ynliede: fuortbreidzjend op de formule fan Pieck, mar hieltyd mear útgroeiend ta in folweardich attraksjepark.
Fan mearkesbosk nei attraksjepark Koart foar en yn de tachtiger jierren wie sprake fan in kantelpunt yn it belied fan de Efteling. Yn de jierren santich hie it park te krijen mei weromrinnende besikersoantallen en in gruttere konkurrinsje, en om dit op te fangen waard ûnder mear besletten de doelgroep út te wreidzjen. Yn 1978 waard in spûkhûs it "Spookslot" iepene, de earste attraksje dy't folslein fan de hân fan Ton van de Ven wie. Yn 1981 folge de iepening fan de stielen achtbaan, neamd de "Python". Mei syn 750 meter wie it doedestiids de grutste stielen achtbaan op it Europeeske fêstelân. Faasjes oant 85 km/o koene berikt wurde, it heechste punt is 29 meter. De "Python" hat fjouwer saneamde ynferzjes: twa loopings en twa koarketrekkers. Dêrnei folgen de wyldwetterbaan "Piraña" en de bobslydbaan "Bob".
Nei in perioade fol ynvestearringen en fernijingen kearde de Efteling om 1985 hinne werom nei it mearkestema. De grutte attraksje fan 1986 wie de darkride "Fata Morgana", in oanienskeakeling fan sênes yn easterske, Arabyske styl. In jier letter ferskynde in oare attraksje mei in easters tema: de "Pagode", in útsjochtoer mei in hichte fan 45 meter. Ek yn it mearkesbosk waard ynvestearre: dêr ferskynde yn 1988 de "Trollenkoning". Yn 1989 yntrodusearre ûntwerper Henny Knoet de nije maskotte fan it park, de tovernar Pardoes. Yn 1990 krige in oar Eftelingmearke sels in eigen gebiet: sûnt wennet it "Folk fan Laaf", in idee fan Ton van de Ven, yn it "Lavenlaar". Yn de jierren 90 folgen mear attraksjes lykas de achtbanen "Pegasus", en "Vogel Rok", mar ek it "Avonturendoolhof", "Droomvlucht" en "Villa Volta".
Utwreidingen, fernijingen en ferfangingen Yn 2003 waard it "Anton Pieckplein" fernijd, in projekt fan de ûntwerper Michel den Dulk. Op 15 desimber 2004 iepene it 25ste mearke yn it Mearkesbosk: "It Lytse Famke mei de Swevelstokken", ta gelegenheid fan it twahûndertste bertejier fan de skriuwer Hans Christian Andersen yn 2005.
Nei't Ton van de Ven yn 2003 ôfskie fan it park naam hie, kaam der in ûntwerpôfdieling mei de namme "Design & Development". Ien fan de liedende ûntwerpers yn dit team is Karel Willemen. Yn 2007 iepene de Efteling de attraksje "De Vliegende Hollander" yn it Ruigrijk, in wetterachtbaan. Foar dizze achtbaan moast de kanofiver út 1953 wike. Nei in tematisearre wachtrige en in darkride-part mei ferskillende sênes, wurde de karkes mei in takel de helling oplutsen om dêrnei nei in achtbaan-part de eardere kanofiver yn te dûken.
Op 1 july 2010 iepene de houten achtbaan "Joris en de Draak", in dûbele achtbaan mei in topsnelheid fan 75 kilometer de oere. Joris en de Draak is de opfolger fan de "Pegasus" út 1991, dy 't yn de simmer fan 2009 sloopt waard fanwegen de minne steat en oprinnende ûnderhâldskosten. Midden yn de achtbaan ferriist in goed tsien meter hege draak.
Yn 2015 waard achtbaan "Baron 1898" iepene, yn 2020 folge troch twillingachtbaan "Max & Moritz", dy 't de "Bob" út 1985 ferfong, "Bob" hie lêst fan oanhâldende technyske problemen. En omdat it attraksjetype net mear levere waard, is der in nije achtbaan boud. al is der gebrûk makke fan de gebouwen fan "Bob".
Op 5 septimber 2021 wiene "Monsieur Cannibale" en it njonkenlizzende "Avonturen Doolhof" foar it lêst iepene. "Monsieur Cannibale" soe under druk fan sjoernalisten in yngripende renovaasje ûndergean en op 1 jannewaris 2022 weriepenje as "Sirocco". Eftepedia.nl, Monsieur Cannibale, Riedplachte op 4-7-2024 It "Avonturen Doolhof" ferdwûn en waard ferfongen troch wetterboartersplak "Archipel".
Yn jannewaris 2022 waard bekend makke dat spûkhûs it "Spookslot" nei de simmer fan dat jier sletten wurde soe en tsjin de flakte gie. De attraksje soe boukundich yn minne steat ferkeare. As ferfanger komt der op itselde plak in nije grizelattraksje, "Danse Macabre".
Opbou fan it park It park is opboud út ferskate riken (rijken): It Marerijk yn it noardwestlike diel fan it park mei ûnder oaren de ferneamde attraksje Droomvlucht en it Mearkebosk (Sprookjesbos). It Anderrijk hat ferskate attraksjes mei frjemde kultueren as tema foarmet it súdwestlike diel fan it park. Ferneamde attraksjes binne de Fata Morgana wyldwetterbaan Pirana. It Reizenrijk leit yn it noardeastlike diel fan it park en foarmet it lytste diel (ryk) fan it park mei attraksjes lykas de Vogel Rok en de Carnaval Festival. It Ruigrijk hat de measte attraksjes foar de grutten en leit yn it súdeasten fan it park. De tsjustere achtbaan De vliegende Hollander en de houten achtbaan Joris en de draak binne dêr ûnderdiel fan. It Fantasierijk mei Efteling Brink, de Pardoes Promenade en Symbolica.
Ferneamde attraksjes Namme IepeneOpm.100pxStoomcarrousel1956De karûsel stamme oarspronklik út 1895100pxPiraña1983Yn 2024 waard de attraksje renovearre. Net allinne technysk, mar ek waarden de rotspartijen en de dekôrs fernijd. datselde jier waard dúdlik dat de Piraña de langste wyld wetter attraksje fan Nederlân is. Looopings, 17-7-2024, Hellendoorn stopt met claimen van niet-bestaand record: wildwaterbaan toch niet langste van Nederland Riedplachte op 17-7-2024100pxPython1981100pxOude Tufferbaan1984100pxPagode1987100pxGondoletta 1981100pxDroomvlucht1993Besikers dy't net rinne kinne, wurde yn in aparte romte pleatst, dêr't se in film fan de attraksje te sjen krije. Eftepedia.nl, Droomvlucht, Toegankelijkheid Riedplachte op 4-7-2024100pxKinderspoor1954100pxVilla Volta1996Besikers dy't net rinne kinne, wurde yn in aparte romte pleatst, dêr't se in film fan de attraksje te sjen krije. Eftepedia.nl, Villa Volta, Invalidenruimte Riedplachte op 4-7-2024100pxVogel Rok1998100pxDiorama1971100pxFata Morgana1986100pxStoomtrein1969100pxDe Vliegende Hollander2007"De Vliegende Hollander" ferfangt yn 2007 de "Kanofiver" út 1953.100pxJoris en de Draak2010"Joris en de Draak" ferfangt yn 2010 de "Pegasus" in achtbaan út 1991.100pxBaron 18982015100pxSymbolica2017100pxSirrocco1988Hjitte earst "Monsieur Cannibale" mar under druk fan sjoernalisten ferboud ta "Sirrocco" mei Sindbad de Zeeman tema.
Ferdwûne ferneamde attraksjes Namme Iepene OfbrutsenOpm.100pxAvonturendoolhof19952021Moast plak meitsje foar in wetterboartersplak, mei de namme "Archipel", mei Sindbad de Zeeman tema.100pxBob19852019Ofbrutsen om't it ûnderhâld net mear mooglik wie. Ferfongen troch achtbaan "Max & Moritz" werby't de gebouwen fan Bob behâlden binne.100pxKanofiver19532007Moast plak meitsje foar achtbaan "De Vliegende Hollander"100pxRoeiviver19832011Moast plak meitsje foar de wettershow "Aquanura"100pxPegasus19912009Yn minne steat. Ferfongen troch achtbaan "Joris en de Draak"100pxSpookslot19782022Yn minne steat. Ferfongen troch "Danse Macabre"100pxPolka Marina19842020Ofbrutsen om't it ûnderhâld te djoer waard.
Mearkes yn it mearkesbosk