thumb|250px|Sossamon by de Comic-Con 2007, om de telefyzjerige Moonlight oan te rekommandearjen Shannyn Sossamon (Honolulu (Hawaï), 3 oktober 1979) is in Amerikaansk aktrise.
Shannon Marie Kahoolani Sossamon waard berne yn Honolulu, Hawaï, mar waard grutbrocht yn Reno, Nevada. Fuort nei't sy fan de High School kaam ferhuze hja nei Los Angeles, dêr't sy oan in dûnskarrêre begûn. Sy spile yn in stikmannich telefyzjereklames, wurke mei dj's yn pleatslike disko's en die modellewurk.
Sossamon waard yn 1999 ûntdutsen troch Francine Maisler, wêrnei't hat aktearkarriêre op gong kaam. Har earste rol yn de filmwrâld wie in haadrol yn A Knight's Tale.
Sy spile ek yn ferskate fideoklips, ûnder oaren yn Mick Jagger -God gave me Everything, en Cher -Strong Enough.
Sossamon waard 29 maaie 2003 mem fan soan Audio Science Clayton, maart 2012 krige hja in twadde soan, Mortimer.
Filmografy 2015: Sinister 2 2009: Life Is Hot in Cracktown 2009: The Heavy 2008: One Missed Call 2007: Catacombs 2006: Wristcutters: A Love Story 2006: The Holiday 2005: I Hate You 2005: Chasing Ghosts 2005: Kiss Kiss Bang Bang 2005: Devour 2005: The Double 2005: Undiscovered 2003: Wholey Moses 2003: The Order 2002: 40 Days and 40 Nights 2002: The Rules of Attraction 2001: A Knight's Tale
Telefyzje 2007: Dirt (telefyzjerige) ... Kira Klay 2007-2008: Moonlight'' (telefyzjerige) ... Coraline Duvall/Morgan
Keppelings om utens Shannyn Sossamon yn de IMDb
Kategory:Amerikaansk muzikant Kategory:Amerikaansk model Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Filipynsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Hawaïaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Iersk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1979